Frysk Dichterskollektyf RIXT en Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, organisearje mei-inoar in poëtyske jûn yn de rige It Literêr Sirkwy. Dat sil heve yn it multyfunksjoneel sintrum It Spektrum te Burdaard op sneintemiddei 23 jannewaris 2022. Ynrin fan 14:00 oere ôf, it programma set om 14:30 oere útein.

De optredende dichters hawwe it positive tema ‘De loft is blau fan dagen’ meikrigen. Dy jûns bringe Janneke Spoelstra, Ina Schroders-Zeeders, Mark Spijkers en Geart Tigchelaar harren dichtwurk op it poadium. It duo I Due Cognati wikselet de poëzy ôf mei muzyk en sy litte harren klanken ynspirearje op ’e wurden fan de dichters.

Oan ’e ein fan de middei is der in iepen poadium. Dus jou jo op om mei te dwaan en lit jo dêrby foaral liede troch it tema – al is in tsjinoersteld fers like wolkom. Opjefte is ferplichte foar sawol dielnimmer as publyk. Meld jo oan fia ynfo@rixt.frl. Hâld rekken mei de jildende koroanamaatregels.

Foar It Literêr Sirkwy organisearret it Frysk Dichterskollektyf RIXT noch ien jûn yn it winterskoft. Streekdichter Tigchelaar set takom jier noch twa poëzyjûnen op priemmen yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Foto: Geart Tigchelaar

Nei de webside →