Nei it sukses fan 2023 komt Licht op Drachten werom! Belibje it magyske ljochtfestival foar jong en âld fan freed 22 novimber o / m snein 1 desimber 2024, alle dagen fan 17.00 oant 21:00 oere.

Ien fan de wurken is it projekt Steamdream, mei in animaasje fan Yke Reeder en gedicht fan Tialda Hoogeveen.

Yke Reeder (1973) hâldt fan it libben bûtendoar en de see, se sylde de heale wrâld oer en is yllustrator, dosint en ûndersiker. Har leafde foar de natuer en ferbyldingskrêft fynst werom yn har wurk. Har wurk is yn 2017 en yn 2021 selektearre foar de Biënnale van Bratislava.

Tialda Hoogeveen (1974) hat har wurk makke fan har leafde foar ferhalen en bûten wêzen. Dieren en natuer binne dan ek nea fier fuort yn har ferhalen, gedichten en non-fiksje boeken. Se skriuwt foar bern en folwoeksenen, yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Har boek Abe en de Aardichman stiet op de IBBY Honourlist 2024 en the White Ravens 2023.

Nei de webside →