Boerderij De Omleiding yn Feanwâlden organisearret yn gearwurking mei ferhaleferteller Douwe Kootstra in kuiertocht mei streekferhalen.

Meld dy no oan foar dizze kuiertocht yn natuergebiet It Bûtenfjild en genietsje fan de prachtige streekferhalen út ‘de Fryske wâlden’, ferteld troch Douwe Kootstra.

Start en parkearen: 19.30 oere, Boerderij De Omleiding, Bûtefjild 24 Feanwâlden
Duer: 2 oeren (5km.)
Priis: € 15, – ynklusyf kofje en tee
Opjefte: info@boerderijdeomleiding.nl
It is mooglik om yn it foar in hapke te iten yn it buorkerijrestaurant (wol efkes reservearje).

Nei de webside →