Yn it ramt fan it LUNA Leeuwarden Urban Night Adventure (26 o/m 28 novimber, Ljouwert) is it resultaat te sjen fan in bysûndere ynternasjonale gearwurking dêr’t Ljouwert UNESCO City of Literature by belutsen is. De Dútske ljocht- en projeksjekeunstners Detlef Hartung en Georg Trenz makken mei de Fryske skriuwer en arsjitekt Grytsje Schaaf spesjaal foar de binnentún fan de Fryske Akademy it tige aktuele wurk KONTAKT. 

Oan de hân fan projektearre wurden yn it Frysk en yn it Nederlânsk giet KONTAKT oer de troch COVID-19 feroarjende betsjutting fan kontakten. Ljocht, romte, arsjitektuer, natuer, minske en taal komme yn foarm en ynhâld mei inoar yn oanrekking en feroarje harsels en har omjouwing.

Oer LUNA

By LUNA wurdt Ljouwert jûns wer yn in kleurich ljocht set. Meitsje in betsjoenende kuier troch it sintrum en belibje in seleksje fan nijsgjirrige ynternasjonale ljocht- en lûdskeunst op ferskate plakken yn de stêd. De namme LUNA ferwiist nei de moanne – it festival fynt plak as it tsjuster is. Der wurdt dan ek foar soarge dat it ‘festivalterrein’, de binnenstêd fan Ljouwert, donkerder is as normaal. Safolle mooglik iepenbiere ferljochting giet út. Dan komt de keunst it bêste út de ferve en wurdt it festival in wier nachtlik aventoer yn ‘e stêd.

Oer Grytsje Schaaf

Grytsje Schaaf (1979) is arsjitekt, dosint en dichter. Se publisearret geregeld har gedichten en jout foardrachten, wêryn’t se de poëzy faak kombinearret mei klanklânskippen en performance. Yn har wurk is romtlikheid in weromkommend tema, sawol ynhâldlik as yn fysike foarm.

Foto fan test projeksje, septimber 2020