Hoge Woorden is it nije poadium foar spoken word yn Fryslân. Mei in unike miks fan noardlike makkers en lanlike wurdkeunstners, bekende nammen en opkommende talinten.

Hoge Woorden fynt fjouwer kear yn it jier plak. Presintearre en gearstald troch Marrit Jellema, mei ferskate spoken word-performers. Oan de ein fan ‘e jûn is der ek plak foar dy by de open mic.

De earste edysje fan Hoge Woorden is op freed 14 april yn De Westerkerk yn Ljouwert. Mei Manu van Kersbergen, Elten Kiene, Amara van der Elst, Jan-Willem Poelma en Mees van Rijswijk. Bist der ek by?

Hoge Woorden wurdt presintearre troch Leeuwarden UNESCO City of Literature en Explore the North yn gearwurking mei Marrit Jellema.

Foto: Marc de Fotograaf

Nei de webside →