Yn desimber stiet Kunstruimte H47 folslein yn it teken fan fotografy. Fotokollektyf Hanialab presintearret dan ûnder it tema Hjir it wurk fan sân fotografen. Twa dêrfan, Welmoed Riemersma en Ids Aukema, hawwe harren ynspirearje litten troch de Fryske literatuer.

Welmoed Riemersma hat har foar har searje de duvel misbiteard ynspirearje litten troch de Fryske folksferhalen fan Ype Poortinga en de ferhalebondel It kweade wiif fan Hylpen fan Mindert Wijnstra. It giet om de Fryske folksferhalen dêr’t de duvel hieltyd wer yn ferrifele wurdt. Se bringt dizze âlde fertellingen nei it hjoed troch se yn har eigen wenomjouwing te ensenearjen, en troch sels yn ’e rol te stappen fan sawol ferlieder as tsjinstanner fan ’e duvel. Sa skriuwt se harsels letterlik yn it ferhaal – as dejinge dy’t ynfloed hat op it ferrin fan de ferhalen.

Har wurk bestiet út twa lagen: blauprinten fan lânskippen dêr’t de ferhalen har eartiids ôfspilen, en sekuer yn sêne brochte foto’s wêryn’t Welmoed de duvel op ’e nij te fluch ôf is. Yn dizze dialooch tusken it ferline en it hjoed, tusken ferlieding en behearsking, makket se de âlde mystyk wer taastber en lit se sjen dat sels no, yn ús tiid, de duvel noch altyd te mislieden is.

Ids Aukema hat him ynspirearje litten troch it fers Sondelfal fan de ferline jier ferstoarne dichter Jacobus Q. Smink. It gedicht Sondelfal giet oer de weromkear nei it doarp fan syn jeugd en de oantinkens dy’t dêrby hearre. It beskriuwt it fêsthâlden fan foarbygeande mominten yn taal en byld. Yn it Sondel fan doe wie der noch in smid en waard der tipele op it tsjerkeplein; no bestiet it doarp allinnich noch yn oantinkens en ferbylding.

Ek Ids groeide op yn it oersichtlike Sondel. As jonge brocht er de kaartjes foar de frouljusbûn op ’e fyts troch it hiele doarp. Yn ien rit kaam alles foarby: de leechte fan de Sondelerdyk, it rêstige wetter fan ’e Sondeler Leyen, it gloaiende lân efter de skoalle, de bunkers op it lân fan de Sminken en dêrachter de Bremer Wyldernis.

Dizze searje leit it Sondel fan eartiids fêst: gjin fysyk doarp, mar in byld dêr’t oantinkens en ferbylding inoar moetsje. Soms troch de lens fan ’e kamera, soms troch keunstsinnige ynterpretaasje ûntstiet in persoanlik en yntym ympresje fan it plak.

Dielnimmende fotografen:
Ids Aukema, Kenny Douwenga, Djura Feringa, Hans Flaman, Julia Gietema, Angeline van der Leij en Welmoed Riemersma

De tentoanstelling is te sjen oant en mei 21 desimber 2025 yn Kunstruimte H47,  Haniasteeg 47 yn Ljouwert. Iepeningstiden: woansdei o/m snein fan 12.00 oere oant 17.00 oere.

Nei de webside →