Mei-inoar in goed boek lêze bringt minsken tichter byinoar. Yn novimber lêst hiel Nederlân dêrom itselde boek. Yn 2023 is dat Sonny Boy fan Annejet van der Zijl. Helje it boek fergees op yn ‘e biblioteek (op is op) en lês mei! Sa wurdt Nederlân ien grutte lêsklup. Sonny Boy is der ek yn ienfâldich Nederlânsk en as grutletterboek. Skoalbern fan skoallen lêze dit jier ûnder Nederlân Leest Junior Het Pungelhuis fan Annet Huizing of Sonny Boy.

Aktiviteiten

Sneon 11 novimber komt Annejet van der Zijl nei de biblioteken yn Dronryp en De Westereen. Dêr wurdt se ynterviewd en nei ôfrin sinjearret se.

13:30-15:15 oere, biblioteek Dronryp
15:45-17:45 oere, biblioteek De Westereen (Badhûs)

Tiisdei 21 novimber wurdt de film Sonny Boy, mei akteurs Sergio Hasselbaink en Ricky Koole yn de haadrollen, fertoand op grut skerm yn de biblioteek op Skiermûntseach.

9:15-13:00 oere, biblioteek Skiermûntseach

Nei de webside →