Goed 600 foarlêzers geane alle jierren op ’en paad om rûnom yn ’e provinsje foar te lêzen oan goed 12.000 pjutten. De foarlêzers nimme mei-inoar sa’n 18.500 nije Tomke-temaboekjes mei, dat de bern nei it foarlêzen op de pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by de gastâlders mei nei hús krije.

Normaal fynt de Fryske Foarlêswike plak yn de earste folle wike fan juny. Yn 2020 is it allegear oars as oars. Dit jier is de foarlêswike fan 26 o/m 30 oktober. Ek komme der dit jier gjin foarlêzers fan bûten, mar is it juf dy’t foar ien kear sels foarlêst út it nije Tomke-temaboekje!

Nei de webside →