In bûtengewoan dierelânskip, sketst troch twa keunstners. De ien wurket út in fundearre each foar detail wei en de oar is útrist mei in fantastyske binnenwrâld. Fan 13 septimber ôf stiet De Utrecht yn it ramt fan Fauna XXtraordinaire.
Stern Nijland is skriuwer en yllustrator en mei har iepen blik iepenet se ek dy fan ús. Se makket de tagong frij, nei in lânskip dêr’t je as minske yn meie, mar net omhinne kinne. In hiele rige printeboeken kaam yn de ôfrûne desennia út har tekenpinne foar it ljocht, dat waard al yn 2002 terjochte beleanne mei in Zilveren Griffel. Ut it iene groeit hieltyd mei faasje it oare. De leafde foar de natuer sette har op in stevich spoar. Koartlyn ferskynden har ryk yllustrearre ensyklopedyen foar bern Het Dierendoodboek en Mens en Dier, van designerhond tot haaienzwempak by útjouwerij Lemniscaat. Dêr bliuwt it net by, der is noch folle mear moais ûnderweis.
Foar OC Hooymeijer is neat ûnfoarstelber. As betinker fan in Net-besteande Fûgelwrâld, publisearre er meardere boeken. Under oare De Kleine Gids voor de niet-bestaande Vogels van Europa (2016), De Nieuwe Gids voor de niet-bestaande Vogels van Europa (2019) en yn 2022 Van Aarsvink tot Zeebreker. De Fûgelwrâlden dy’t er bout, lykas de ynstallaasje The Great Exotic Birdshow, binne meislepend en neat ferhullend. Foar ûnder oare de seldsume Sniekreak waard it kenmerkjende rommelige nêst yn De Utrecht sekuer, nei de inerlike waarnimming rekonstruearre.
De net-besteande biolooch en ornitolooch J.G. van der Putten (1851 -1932) kriget dêrfoar alle eare. De portretten fan Jan van der Putten en de frou binne dêrom op de tentoanstelling oanwêzich. Dochs wie it OC Hooymeijer séls dy’t (yn 2021) de Gerrit Bennerpriis fan de Provinsje Fryslân ûntfong!
Nei de webside →