Portretten De Flecke - Leeuwarden City of Literature

Tiisdei 13 en woansdei 14 desimber hawwe Tsead Bruinja, muzikant Zea en fotograaf Rosa van Ederen mei gastdichter Bart FM Droog yn wensoarchsintrum De Flecke op ‘e Jouwer west. Se makken persoanlike portretten mei en foar de froulju Knol, Feenstra-Sijbesma, Van der Meulen en Ten Boom-Dam. De besite oan De Flecke is de ôfsluting fan Portretten yn Poëzij. Tsead oer de rige: “Sûnder stipe fan it Lira Fûns, de stifting Dichter des Vaderlands, it Prins Bernhard Cultuurfonds, Dasja Koot (foarhinne assistint Dichter des Vaderlands), Leeuwarden City of Literature en de bewenners en alle leave meiwurkers fan de ferskate soarchsintra hienen wy dit net dwaan kinnen. Tank!”

Tsead oer de besite oan De Flecke: “Nei in jûn fan voicemails op syk nei in ferfanger foar Iduna Paalman dy’t siik wurden wie mei de gryp, hienen wy moarns ûnderweis nei De Jouwer byt. Doe’t wy by Emmeloord riden naam de freondinne fan Bart FM Droog de telefoan yn it Grinslânske Eenrum oan. ‘Barthomoleus’ waard earst troch freondinne Noor nei de hoarn roppen, doe troch ús oertsjûge, wêrnei’t er in dûs naam en yn syn wein sprong. Hy kaam krekt op ‘e tiid foar kofje mei sûkerlatte yn wensoarchsintrum De Flecke. De Flecke wie de lêste halte fan in tocht dy’t yn jannewaris 2020 úteinsette yn Dokkum. Yn stee fan in tocht fan alve doarpen is ús tocht in rûnlieding wurden troch ien stêd, njoggen doarpen en in plakje. ‘Vlek’ is de term dy’t neffens Wikipedia brûkt wurdt “foar plakken mei stedske eigenskippen dy’t gjin stêd binne”. De Jouwer wie ús earste flek. It wie ek it earste wensoarchsintrum dêr’t de kontaktpersoan, Marijke Thibaudier, sels in gedicht skreau. Arnold song in libbensliet ynspirearre troch Leonard Cohen foar frou Ten Boom-Dam, Rosa besocht mei frou Van der Meulen it âlde hûs fan har pake en beppe, dêr’t se eartiids reedriden hie. Bart FM Droog wist de fleur en positive hâlding fan frou Feenstra-Sijbesma yn wurden te fangen. Letter mailde er: “Nei de útfiering bliken sy en twa fan har dochters tige tefreden te wêzen mei it gedicht. It wie foar my hiel spesjaal hoe’t se opfallend optimistysk is oer it libben. Nettsjinsteande it feit dat har man, mei wa’t se al sechtich jier lokkich troud is, yn in oar fersoargingshûs wennet, wêrtroch’t se inoar mar ien kear yn ‘e wike sjen kinne. Dit lân hat mear minsken nedich lykas Ineke.” Ik spruts sels mei frou Knol, dy’t it hie oer hoe goed se rjochtsje koe. Doe’t in timmerman har as skoalfamke pleage doe’t se in goate lege, sloech it wiete slyk him yn it gesicht. In oar foarbyld fan har skerp each is te finen yn it gedicht.”

Harkje nei it liet ‘De ballonnen efternei’ dat Zea skreau en komponearre foar bewenster Margje Dam:

Sjoch nei in seleksje fan de foto’s dy’t Rosa makke fan de workshops (troch Tsead, Zea en Bart mei de bewenners) en fan de einpresintaasje makke:

Lês de gedichten dy’t Tsead en Bart skreaunen oer de bewenners:

Sjoch nei in part fan de foto’s dy’t Rosa makke as portret fan frou Jannie van der Meulen:

Rosa: “Jannie van der Meulen wennet har hiele libben op ‘e Jouwer. Dy middei gongen wy tegearre op paad troch de strjitten dêr’t se as lyts famke rûn. Sa binne wy ​​telâne kommen by it hûs dat al 150 jier yn de famylje is en dêr’t no de jongste suster fan Jannie mei har man wennet. De sinne wie der by en it wie kâld, hiel goed reedriderswaar. Jannie mocht as famke graach reedride, mei har trije susters gie se de sleatten fan De Jouwer oer op Fryske noaren. By it hûs oan it Molenpad rôp har pake “Fange, famkes!” en smiet er stikken koeke foar harren op it iis. As de susters nei harren oare pake en beppe riden, sa’n 20 kilometer fierderop, moast der snert iten wurde. Om’t se sa’n honger hie, iet se it op, mar Jannie liet it leaver stean; de dopkes fan de earte út eigen tún sieten der yn en dêr griisde se fan. It wie in moaie middeikuier mei de froast noch op de planten dêr’t in protte moais te finen wie ‘ast it mar sjen wolst’, sa’t Jannie sei.”