De midden is net ferfeelsum - Leeuwarden City of Literature

Essee oer tefredenens sûnder lykmoedigens

Tekst: Marjoleine de Vos | Yllustraasjes: Cote Create

Sette in houten stellaazje yn ’e kas, it ding wie aardich swier en in bytsje kromlutsen hjir en dêr, mar úteinlik stie er. No de sekken mei grûn dêrop lizze, de grutte plantebak mei de klimplanten derfoar – moai sa. Kaske feie. Even derút rinne foar de biezem, de sinne skynt op it plakje foar de kas, achter de lege hage bloeie fierderop yn ’e tún al roazen, zzoem, zzoem dogge de bijen en ik ek – wat bin k hjir gedachteleas tefreden oan it rommeljen.
Is dat gelok, sa krekt op in moandeitemoarn foardatst oan it wurk giest, yn in bytsje sinne tusken de buien troch wat opromje yn ’e tún?
Miskien wol. Gelok yn ’e foarm fan: wat ha ik it nei ’t sin, sûnder dat ik socht om it nei ’t sin te hawwen. Ik die in putsje en it ‘nei ’t sin’ kaam derby. Fansels.
Dat is tefredenens. Sa tefreden datst it bêst gelok neame kinst, mar sûnder al it grutte dat oan dat wurd fêsthinget.
De minske is in wêzen dat net gau tefreden is. Sels yn it paradys net, alles koene Adam en Eva ommers ite, alles hiene se, mar se moasten sa nedich dy iene frucht konsumearje dy’t bûten harren berik steld waard. Minsken wolle altyd mear. En altyd wat oars. Minsken hingje ôfgryslik oer nei ferfeling.
It paradys, in oar wurd foar it folsleine gelok, klinkt ús nuver genôch altyd nochal ferfeelsum yn ’e earen. It iten bestie út neat oars as fruchten. Oer tiidsbesteging waard net praat – skildere Adam? Makke Eva keunstich blaasde glêzen?
Se hiene fansels gjin langsten, dy kamen pas mei harren kennis. En dy langsten, dy kennis oer hoe’t wy binne, wy ûngeduerige minsken, dy reitsje wy noait wer kwyt. It paradys fan ûnbewust en dus tefreden libje, is foar ús ferlern, hoe faak en folle ús ek oanret wurdt, troch Aristoteles, Epicurus, de stoa, it kristendom, it boeddhisme en sa fierder, om sober te wêzen en tefreden.
‘Better libbest, Licinius, ast net aloan / hege seeën útkiest.’ Horatius wist it wol: de gouden middenwei, auream mediocritatem, dy moatte wy leafha. It is him iuwenlang en op it ferfeelsume ôf neisein, en dêrby feroare dy gouden midden dochs min ofte mear yn in deadske midsmjittigens, net te waarm, net te kâld, middle of the road. En wy mar sykje om sensaasjes. Wis wol hege seeën wolle wy, écht libje, alles meimeitsje, strânje, skipbrek lije, kom mar op. Yn teory dan. Wa’t troch tadwaan fan ’e omstannichheden strânet of skipbrek lijt, hat oars gjin ferlet as om it eigen ûnopmerklike libben wer werom te krijen.
Ik bin djip oertsjûge fan ’e wierheid fan ’e formulearring fan Horatius. De midden is fan goud. It is net ferfeelsum, it is uterst dreech te finen. Al dy dingen dêr’t wy sa faak nei langje: lykwicht, rêst, wiisheid, tefredenens, ynsjoch, goed libje – se ha allegear mear fan dwaan mei de midden as mei utersten.
It gelok dat wy tefredenens neame hat ek te krijen mei it ôfsjen fan langstmen, likegoed yn it grut as yn it lyts. Langstmen jouwe ûnrêst, lykas elke wiisheidsleare ús wit te fertellen.
Wêrom plakke wy dan dochs sa graach it wurd ‘lykmoedich’ op it wurd tefredenens? As soest dan allinnich noch mar mei in grou liif yn in stoel sitte te knikken en de wrâld oan har lot oerlitte. Dat hoecht hielendal net. It lot fan ’e wrâld en fan oare minsken kin ien hiel goed oan it hert gean dy’t nettsjinsteande dat op alderlei mominten tefreden is, mei’tst wat dien hast datst dwaan moast, wat foarinoar krigen hast, even opgiest yn in petear mei ien. En in minske mei ek bêst samar even stil sitte en sjen sûnder himsels fuort wer op ’e kop te jaan dat er net fan nut is foar de wrâld. Soks kin ek in pleach wurde.
De filosoof Paul van Tongeren wiisde ris op ’e opfetting dy’t Nietzsche hie oer tefredenens, net: libje as bist in ruter op in yn ’e stap sjokseljend hynder, op in sleauwe wize op dyn gemak. Mar as moatst dyn hynder aloan de baas bliuwe, en dat ek echt bliuwst, wêrby’t ruter en hynder beide aardichheid hawwe oan harren faasje, harren fjoer, harren krêft en harren behearsking.
Dêr iepenet him de wei. Horatius neamde dy midden net foar neat fan goud, it is in keunst om it te bewarjen. En stikem bist dan dochs bêst faak gelokkich.

Marjoleine de Vos (1957) is neerlandika en wennet yn Noard-Grinslân. Se is al mear as 25 jier ferbûn oan NRC as redakteur en kollumnist. Se publisearre fiif dichtbondels. De lêste, Hoe verschillig, ferskynde yn 2021 by útjouwer Van Oorschot. Dêrf ferskynde ek yn 2018 har esseebondel Doe je best. Lof van het ongrijpbare leven en yn 2020 it suksesfolle kuier-essee Je keek te ver.

Cote Create (artystenamme foar Maria Jose Jara Veragua) is sûnt 2020 stedskeunstner fan Ljouwert. De Sileense wennet sûnt 2019 yn de Fryske haadstêd. Se ûntwikkele selsstannich har keunstnerskip en wurke ûnder mear mei oan de beskildere stoepen op ’e Foarstreek.