ELLA! is in groep minsken dy’t har sterk makket foar literatuer fan frouwen yn Fryslân. Wy wolle skriuwende frouwen en harren wurk sichtberder en tagonkliker meitsje foar in breed publyk.

Yn de Fryske literatuer – dy’t op himsels al in minderheid is fanwege de taal – binne frouwen minder sichtber. Dat jildt ek foar minsken fan kleur, queer minsken en minsken mei ferskillende etnyske eftergrûnen. Se binne ûnderfertsjintwurdige yn publikaasjes, performances en prizen. De ôfrûne jierren feroaret der in soad – froulike auteurs ha mear romte, prizen gean nei ferskate skriuwers, der ûntsteane inisjativen rûnom frouwen en literatuer. ELLA! slút oan op dy beweging en jout dizze groepen eksplisyt plak yn it literêre petear – mei lêzingen, aktiviteiten en omtinken yn literêre romten yn Fryslân.

ELLA! is in groeiende beweging oangeande literatuer fan frouwen yn Fryslân. Se bringt ferhalen nei it publyk dy’t oars ûnderbeljochte bliuwe soene. ELLA! is foar elkenien – wa’tst ek bist. De beweging freget om dyn stim en oanwêzigens.

Op 1 desimber hâldt skriuwer Karin Amatmoekrim de allerearste ELLA! lêzing, nei oanlieding fan har boek Grenzend aan liefde – Een nieuw verhaal over Nederland.
Mei de ELLA! lêzing wol Leeuwarden City of Literature in poadium biede oan skriuwende frouwen mei in belangryk ferhaal.

Dêrneist is der it ELLA! kollektyf dat op ûnregelmjittige tiden en yn wikseljende gearstallingen ynformeel byinoar komt. We wikselje ûnderfiningen en ynformaasje út, we diele wêr’t ferlet fan is, en betinke plannen foar prikeljende aktiviteiten. ELLA! spilet yn op aktuele ûntjouwings en giet it petear oan mei oare organisaasjes. Sa wolle we bline flekken en swarte gatten oplosse en foarkomme.
Hast in fraach? In idee? Wolst meidwaan? Mail tryntsje@leeuwardencityofliterature.nl

De namme ELLA! is in earbetoan oan Ella Wassenaer, ien fan de pseudonimen fan de produktive en fernijende skriuwster Lipkje Post-Beuckens (1908-1983).