It nijste aventoer fan de Gruffalo-famylje ferskynt wrâldwiid yn 37 talen tagelyk – ek yn it Frysk!

Op tongersdei 10 septimber, wurdt wrâldwiid it nijste boek oer de Gruffalo-famylje lansearre: Gruffalo Granny. It printeboek fan Macmillan Children’s Books ferskynt tagelyk yn ferskate lannen en yn mar leafst 37 talen. De Fryske edysje, mei de titel Beppe Gruffalo, ferskynt hjoed by útjouwerij Afûk.
Underdiel fan de wrâldwide lansearring is in bysûndere aksje foar it goede doel. Utjouwers skinke 10 prosint fan harren oplage oan in goed doel. Utjouwerij Afûk skinkt dêrom 100 eksimplaren fan de Fryske edysje ‘Beppe Gruffalo’ oan de Speelgoedbanken yn Fryslân.

Utjouwerij Afûk keas foar de Fryske aksje de Speelgoedbanken yn Fryslân út as goed doel. Der is in lokaasje op It Hearrenfean (Speelgoedbank Heerenveen) en ien yn Snits (Speelgoedbank Friesland). 
Beide Speelgoedbanken binne tige wiis mei de skinking. Anna Petra van der Wal fan lokaasje It Hearrenfean fertelt: ‘Alle jierren hawwe wy in Sinteklaas-aksje wêrby’t wy pûden mei kadootsjes by gesinnen bringe. Dat wy dêr dit jier ek in nij printeboek yn stopje kinne is fansels fantastysk!’

Ek by de lokaasje yn Snits is de skinking tige wolkom. Ina Hofman: ‘Ik lês in protte foar en fyn it hiel wichtich dat bern op jonge leeftyd de leafde foar boeken meikrije. Dat wy se no sa’n prachtich printeboek kado dwaan kinne, is super!’