Op Alderheljen ta
Myn okerlearen hûd fong goud;
ik garre noch de waarmte fan ús
hytste dagen yn my, doe’t myn
stâle al it loslitten oansei
fan de memmeplant. Himel-
wetter streamde en boaiem-
libben fersêde. En ik
dij – d ij – d i j – de út nei dy
dei ta: dy fan it toskefykjen.
Pff… Pûst no mar! Bring fûl myn
ynwindich fjoer tsjin ’t boaze
tsjuster yn. Fersmyt myn
jûnsread fruchtfleis net. Stamp!
der om myn part bûtersêfte
pompsmots fan. Fyn dyn treast
yn swiet-en-hertlik skriemsop.
Meitsje my dan dyn Pumpkin Pie.
En leave, ferjit de rjemme net.
Frysk en Nederlânsk gedicht: Yva Hokwerda
Yva Hokwerda is de dichtersnamme fan Ytje Hoekstra (1961). Yn 2005 begûn se Fryske stikken te skriuwen op har weblog Diva Yva op ’e Trie. Sa bedarre se as skriuwer en redakteur by it Fryske online tydskrift Farsk. Yn 2006 wûn se in Rely Jorritsmapriis foar poëzij. Har debútbondel 44 dûbeld fjouwerjen ferskynde yn 2008, en op dit stuit wurket se oan in nije bondel.
Yn har poëzij bringt se tinzen oer ferskaat byinoar: yn natuer, minsken en taal. Se siket nei bylden foar wat har rekket of lilk makket. As ‘boeresuster’ sjocht se dêrby ek nei it greidelân om har hinne. Soms betinkt se nije wurden om yn it Frysk te fangen wat se oproppe wol.
Engelse vertaling: Michele Hutchison
Michele Hutchison (1972) is literêr oersetter út it Nederlânsk en it Frânsk nei it Ingelsk.
Se sette mear as fyftich boeken oer út it Nederlânsk en fjouwer út it Frânsk. Se ûntfong yn 2019 de Vondel Vertaalprijs en wûn yn 2020 foar The Discomfort of Evening, har oersetting fan de roman fan Lucas Rijneveld, de International Booker Prize. Michele is ek bekend mei de Fryske literatuer, as ien fan de oersetters fan Swallows and Floating Horses.
An Anthology of Frisian Literature.
Illustratie: Redmer Hoekstra
Redmer Hoekstra (1982) is in 2009 als beeldend kunstenaar en illustrator afgestudeerd aan de kunstacademie in Zwolle. Hij vindt veel inspiratie in het filosoferen over de werkelijkheid, de werking van dingen en de beweging van dieren. Zijn associatieve brein combineert op fascinerende wijze heel verschillende vormen. Redmer gebruikt een bewerkelijke en ambachtelijke techniek. Hij maakt met fineliners pentekeningen op papier, waarbij hij veel werkt met arcering. De tekeningen zijn zo realistisch mogelijk, zodat de vervreemding en verwondering bij de kijker worden versterkt.