Yn septimber 2026 folgje twa dichters út Fryslân in moanne lang in seehûn by it Wrâlderfgoedsintrum Waadsee (WEC) yn Lauwerseach. Harren observaasjes foarmje de basis foar in gedicht oer de relaasje tusken minske en seehûn.
It projekt Skriuwe mei in seehûn is in gearwurking tusken Ljouwert UNESCO City of Literature, it WEC en literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse op Skiermûntseach, nei in idee fan Heidelberg UNESCO City of Literature.
Ut alle ynstjoeringen op de iepen call binne Anja Rockel en Laura Mijnders selektearre. Anja is dichter en boskwachter en ferhuze begjin dit jier nei Fryslân. Har poëzy is in ekologyske praktyk dy’t siket nei besibbens tusken soarten. Laura skriuwt poëzy, proaza en kollums. Yn har wurk begjint se faak mei sjen: pas yn ‘e werhelling ûntstiet betsjutting. Foar dit projekt hâldt se in seehûnedeiboek by. Anja folget Addie, Laura folget Kiko: twa jonge seehûnen dy’t dizze simmer opfongen waarden by it WEC.
Op dizze side diele wy harren ûnderfinings, observaasjes en úteinlik de gedichten dy’t út dit bysûndere projekt fuortkomme.