Skriuwster Gabriëlle Terpstra en dichter Remco Kuiper binne mei harren debuten op boektour troch Fryslân. By de optredens komme poëzy, proaza en muzyk byinoar yn in frije, dynamyske foarm. Njonken Terpstra en Kuiper steane ek sjonger en lietskriuwer ZEA en de dichters Martsje de Jong en Lubbert Jan de Vries op it poadium.

Yn 2025 presintearren Terpstra en Kuiper foar it earst harren wurken: Geller yn keunstnersdoarp Asgaard, en Grûnwetter yn teater De Bres. Mei dizze tour bringe se har debuten fierder ûnder de oandacht. De boeken waarden posityf ûntfongen. Grûnwetter waard yn it Frysk Deiblêd in ‘ferbjusterjend rike bondel’ neamd. De Ljouwerter Krante priizge de toan as tichtby, eigen en hast trochsichtich. Geller krige fan de Ljouwerter Krante lof foar de koele wize wêrop’t de ûnderfiningen fan it haadpersonaazje beskreaun wurde.

De tour is in gearwurking mei útjouwerij De Ryp.

Yn de hjerst fan 2026 folgje noch trije optredens op ferskate plakken yn Fryslân. Mear details dêroer wurde ein augustus bekend makke.

Foto: Joyce Schotsborg