Op 21, 22 en 23 novimber fynt de 11e edysje plak fan Explore the North Festival. Der wurde dan yn Ljouwert wer trije dagen lang ferhalen yn al harren foarmen fierd. It tema dit jier: Hoop tusken de púnbulten. Artysten ûndersykje tegearre mei de besikers wêr’t skjintme en leafde te finen binne yn in gromjende wrâld.
As in fjoermichje swalkest lâns hiel ferskillende plakken yn de binnenstêd fan Ljouwert, fan tsjerken oant kelders ta in âlde finzenis. Hoop is oeral, ast mar op ferkenning giest.
Nei de webside →