Dichter bij Leeuwarden, dbieb, Explore the North en Leeuwarden City of Literature hawwe yn ‘e poëzijwike in mienskiplike produksje makke: in dichtbondel wêryn’t jonge wurdkeunstners en jonge fotografen inoar ynspirearje. De bondel, mei as tema Samen, waard ein febrewaris hûs oan hûs ferspraat yn Ljouwert.
Lês hjir mear oer de bondel Samen.
Wa’t net yn Ljouwert wennet, mar de bondel graach hawwe wol, kin in eksimplaar ophelje by dbieb (Blokhuisplein 40) of yn ‘e Westerkerk (Bagijnestraat 59). Op is op en wei is wei!
Of blêdzje online yn de bondel: http://dichterbijleeuwarden.nl/samen/.