De kommende moannen bringt jazzsjongeres Hiske Oosterwijk (Mantgum, 1989) ien foar ien de nûmers út fan har nije album ‘Wurden’. Se sette dêr de âlde teksten fan Gysbert Japicx foar op nije muzyk. Op 15 jannewaris ferskynde it earste nûmer: ‘Moarnsliet’, op 12 febrewaris it nûmer ‘Leafde’.
Tidens har masterstúdzje oan it konservatoarium yn Grins kaam Oosterwijk de teksten fan Gysbert Japicx op it spoar. It ynspirearre har om ‘Jûnbea’ op muzyk te setten, te finen op har twadde album. De Gysbert Japicx (Holckema) Stichting hearde derfan en tegearre betochten se dat in folslein album in moai idee wêze soe. Sa werlibje ommers de teksten fan Japicx, dy’t as wichtige grûnlizzer fan de Fryske taal sjoen wurdt. Fonds Podiumkunsten makke it skriuwen en it útbringen (by ZenneZ Records) fan de nije komposysjes mooglik.
De lieten krije yn oktober in sintraal plak yn in rige teäterkonserten, dy’t fersoarge wurdt yn de Broeretsjerke yn Boalsert (it berteplak fan Japicx).
Harkje nei ‘Moarnsliet op YouTube of Spotify
Harkje nei ‘Leafde’ op YouTube of Spotify
Foto: Eddy Taatgen