Fan no ôf giet Ljouwert UNESCO City of Literature troch as selsstannige stichting. De ôfrûne fiif jier wurke de projektorganisaasje ûnôfhinklik, mar wie dy finansjeel in wurkmienskip fan de Afûk. De ynstelde Ried fan Tafersjoch kaam hjoed, freed 13 desimber, foar it earst byinoar. Stella van Gent, foarsitter fan de RfT: “Leuk en nuttig om de Friese taal en literatuur met deze oprichting een verdere stap vooruit te helpen. In boppeslach, wy gean derfoar!”

Ljouwert krige op 30 oktober 2024 de titel ‘City of Literature’ fan de ynternasjonale UNESCO-organisaasje. In erkenning foar de ynset fan stêd en provinsje foar it befoarderjen fan literatuer yn in meartalige setting en yn in (ynter)nasjonale kontekst. De earste jierren koe de ûnôfhinklike projektorganisaasje dêrby gebrûk meitsje fan de fasiliteiten fan de Afûk.

Mei it hast ferstriken fan de earste beliedsperioade (2020-2024) wêryn’t Ljouwert UNESCO City of Literature (CoL) aktyf wie, hat de gemeente ferline jier it funksjonearjen fan de organisaasje ûndersykje litten. Wichtige útkomsten: belutsen partijen binne entûsjast oer de stappen dy’t setten binne en de aktiviteiten dy’t organisearre binne. Wol is der ferlet fan in dúdliker governancestruktuer en ûnôfhinklik tafersjoch. CoL folget dy winsk op troch in selsstannige stichting te wurden en in Ried fan Tafersjoch yn te stellen, dêrby stipe troch opdrachtjouwers gemeente Ljouwert en provinsje Fryslân. De nije stichting ferfolget syn funksjonearjen út it kantoar fan de Afûk wei.

De Ried fan Tafersjoch bestiet út: Stella van Gent (gemeentesekretaris yn Harns), Lolies van Grunsven (selsstannich literêr agint) en Hielke Visser (finansjeel spesjalist en bestjoerslid by útjouwerij Regaad).

De stichting, dy’t ûnder lieding stiet fan direkteur-bestjoerder Ernst Bruinsma, set him ûnfermindere yn foar it befoarderjen fan literatuer yn Fryslân en foar Fryske literatuer. Dêrta inisjearret en stipet CoL literêre en lêsbefoarderjende projekten yn Fryslân. Ek set de organisaasje him yn foar ynternasjonale sichtberens fan skriuwers en dichters út Fryslân en it stimulearjen fan moetingen en útwikselingen oer de grins.

Yn 2025 fersoarget CoL – krekt as yn 2022 – in grut literêr programma by Arcadia. Dit kear ûnder de namme ‘Lyts gelok’, wêrby’t ynwenners en besikers 100 dagen lang genietsje kinne fan literêre ljochtpuntsjes.

Foto: Natalia Balanina. F.l.n.r.: Lolies van Grunsven, Hielke Visser en Stella van Gent