Keunstmjittige yntelliginsje (AI): we kinne der net mear omhinne. It Europese gearwurkingsprojekt LIT-UP biedt skriuwers en útjouwers yn lytse talegebieten op tiisdei 5 novimber fan 16.00 – 18.00 oere in fergese online workshop oer AI oan.

Yn dizze fergese online workshop wurde tips dield en wurdtst bypraat oer hoe’tst AI sa optimaal mooglik foar dy wurkje litte kinst. Meidwaan is fergees. De fiertaal by dizze online workshop is Ingelsk. Oanmelde kin fia dit formulier.

Yn it projekt LIT-UP wurkje Boeken fan Fryslân en Leeuwarden City of Literature gear mei seis Europeeske partners om literatuer yn minderheidstalen yn Europa better ûnder de oandacht te bringen.