Yn de prachtige omjouwing fan De Deelen te Gersleat stiet it monumintale Tripgemaal. Lit dy hjir poëtysk ferrasse troch in mjuks fan wurd, byld en muzyk.

It Frysk Dichterskollektyf Rixt presintearret yn oktober “De Elemintêre Deelen”, in meartalige foarstelling mei ferskate dichters en muzikale omlinsting.

Op 20 oktober spilet Anna Machteld (solo) en binne de dichters: Edwin de Groot, Dien L. de Boer, Carla van der Zwaag, Ypie Bakker, Janna van der Meer en Bauke Terpstra.

Fergees yntree. In frijwillige donaasje is wolkom. Oanmelde fia post@hettripgemaal.nl wurdt op priis steld.

Nei de webside →