Fan 2 o/m 10 novimber 2024 is it Fryske Boekewike. Dit jier skreau Meindert Talma it kadoboek, Wynroas. It is in autobiografyske, tragikomyske novelle mei in spannende en dramatyske ôfrin.

Talma komt yn de Fryske Boekewike (2-10 novimber) fjouwer kear mei in optreden mei en oer it kadoboek Wynroas. Live is Wynroas in audiofisuele trip fan in oere, dy’t dy meinimt yn in ferteld en songen (film)ferhaal oer in fûleindich konflikt dat Meindert Talma krige troch in liet op De Zee Roept, it album by it fotoboek fan Tryntsje Nauta oer de studinten fan de seefeartskoalle op Skylge.

– Tiisdei 5 novimber, 19.30, Bibliotheek Drachten
– Woansdei 6 novimber, 19.30, bibleteek Dokkum, Bibliotheken Noord Fryslân
– Tongersdei 7 novimber, 20.00, Podium Gorter Balk
– Freed 8 novimber, 19.30, bibleteek It Hearrenfean, Bibliotheken Mar en Fean
– Snein 10 novimber, 19.30, Stadskas, Explore the North, Ljouwert

Alle optredens binne fergees tagonklik, by guon lokaasjes is reservearje winslik. By alle optredens is in ferskaat oan Fryske boeken te keap. It Frysk Kadoboek Wynroas is de hiele Fryske Boekewike fergees te krijen by oankeap fan €15,00 oan Fryske boeken.

De Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek en docht dat troch it opsetten fan kampanjes, it organisearjen fan gearwurkingsaktiviteiten en mei projekten lykas de Fryske Boekewike, de Berneboeke-ambassadeur, de Sutelaksje en Dichter fan Fryslân.

Foto: Daniël Cohen