Lêsleafhawwers Akke Visser en Marije Wilmink binne de oprjochters fan de Culturele Apotheek; in profesjonele organisaasje om leechdrompelich de lêsnocht oan te wakkerjen. Want, sa witte se: lêze is sûn, plezierich én foar elkenien.
Tekst: Lieke van den Krommenacker | Foto: Jurgen van Tiggelen
Se binne in soarte apotekers, mar dan krekt in bytsje oars. Soms skriuwe se grouwe pillen foar, dan wer lichte kost. Wat al harren medisinen mienskiplik hawwe: se bestean út neat oars as letters.
Alve jier lyn bondelen Akke Visser en Marije Wilmink harren leafde foar lêzen en de winsk om lêswille ‘oan ’e man’ te bringen. Sûnt organisearret de Culturele Apotheek alderlei aktiviteiten om lêzen op in leechdrompelige wize oer it fuotljocht te bringen.
Nim de boekesprekoeren, dêr’t entûsjastelingen by oanskowe foar in koart petear en literatuer op resept mei nei hûs krije. Of, foar mear djipgong, it persoanlike boekekonsult.: in petear fan trije kertier wêrnei’tst medikaasje foarskreaun krijst yn ’e foarm fan in wiidweidich lêsadvys. Giest leaver nei in lêzing, workshop of kwis? Ek dat kin. Visser en Wilmink betsjinje yn harren eigen apoteek of op lokaasje, lykas yn biblioteken en op literêre festivals, mar ek yn soarchynstellings, buerthuzen en by bedriuwen.
‘Lêzen kin dy echt helpe yn it libben.’
‘Lêze is hiel heilsum en kin dy helpe yn it libben,’ seit Wilmink. Neist ûntspanning en wille, kin lêzen minsken ynsicht jaan, in spegel foarhâlde of simpelwei mei elkoar yn kontakt bringe.
In moai foarbyld fan dat lêste binne de samenleesgroepen, oerwaaid út Ingelân, dy’t de Culturele Apotheek hjir yn it libben roppen hat. Yn it hiele lân komme minsken byinoar om har al lêzend oer lês- en libbenskwestjes te bûgen, ûnder lieding fan ien fan de sechstich frijwillige lêsbegelieders dy’t de Culturele Apotheek ryk is.
Wichtich is, sizze Wilmink en Visser mei klam, dat by dizze foarm fan shared reading net it analysearjen fan literatuer sintraal stiet, lykas yn mear tradisjonele lês- of boekeklups. Visser: ‘It giet derom wat it fragmint of gedicht boppe bringt by minsken. Dêr giest oer yn petear. De lêsbegelieder hat hjirby in hiel spesifike, stimulearjende rol.’
Dy komt del op soarchfâldich harkjen en útsteld oardieljen. Minstens like wichtich: dielnimmers hoege har net ta te rieden en net oan te melden. Dy’t nocht hat, mei op it plak sels oanskowe. Wilmink: ‘Sa berikke wy ek minsken dy’t sels noait liezen, of net mear lêze. Minsken dy’t net thús yn har ientsje in boek derby pakke, mar dy’t, wannear’t se op sa’n momint mei-inoar oan sa’n tafel sitte, wol tinke: dochs wol nijsgjirrich, litte wy hjir ris mei-inoar yn dûke.’
Tanksij Visser en Wilmink bestean der yn Nederlân wilens sa’n fyftich samenleesgroepen dy’t geregeld byinoar komme. De dames soargje foar passend lêsfoer, ôfstimd op ’e doelgroep, in tema of oare spesifike winsken. In weromkommend elemint is it werlêzen fan de tekst. Visser: ‘Dat heart by de metoade: it is net ien kear lêze en dan klear.’ Krekt de werhelling en de ûnderfining dat elk in tekst oars lêst, makket it petear weardefol. It is lêzen yn laachjes, ek foar de oefene lêzer.
Se binne dan gjin offisjele terapeuten of psychologen; Visser en Wilmink keazen hiel bewust de apotekersynfalshoeke. Behalve dat de byldspraak moai wurket – in boek as alternatyf foar in pil – is lêzen wis wol sûn.
Sa ûndersocht literatuer- en psychologyprofessor Philip Davis de effekten fan samenleesgroepen foar ûnder mear âlderen mei deminsje, ferslaafden, minsken mei in depresje en finzenen. Wat blykt? Samenlezen helpt dielnimmers te reflektearjen op har libben en har gefoelens besprekber te meitsjen. Dêrby wurket lêzen kalmearjend; it kin sels dyn stressnivo mei 68% ferminderje, wiist ûndersyk fan neuropsycholooch David Lewis út.
Foar Visser en Wilmink bliuwt it oanwakkerjen fan lêswille de wichtichste driuwfear. Wilmink: ‘In soad minsken tinke dat lêzen net foar har weilein is. Dat it wat is foar gelearde minsken en dat de wrâld fan literatuer los stiet fan ’e rest fan it libben.’
Tsjin dat idee set de Culturele Apotheek him mei wille en sukses te skoar. Visser: ‘Literatuer kin wat betsjutte yn it deistich libben. Wy ha in wize socht om dy ferbining te lizzen.’
Lêst fan in lêsdip?
De Culturele Apotheek tipt in deistige doasis Lydia Davis
Komst der mar net oan ta dy te ferdjipjen yn dat moaie boek op dyn lêstafeltsje? Binne der altyd earst driuwender putsjes dy’t om oandacht freegje, podcasts dy’tst neffens dyn freonen heard ha moast? Of binne boeken yn dyn folle libben ta in sliepmûtske wurden, yn te nimmen op bêd, dêr’tst nei trije alinea’s de eagen al tichtfallen fielst? Dan hast lêst fan in echte lêsdip. Tîid foar aksje!
De Culturele Apotheek skriuwt dy graach in Lydia Davis-kuerke foar. Davis behearsket de keunst fan it superkoarte ferhaal oant yn ’e puntsjes. Yn soms mar in pear sinnen tsjoent se in hiele wrâld tefoarskyn om yn om te doarmjen.
Nim dit alderkoartste ferhaal út ’e bondel Bezoek aan haar man:
“Besefst dat it troch de omstannichheden komt. Ik bin net echt in nuver mins as ik hieltyd mear stikjes fersnipele Kleenex yn myn earen triuw en in sjaal om ’e holle byn: as ik allinnich wenne, hie alle stilte dy’t ik noadich hie.’”
Lês in wike as wat deistich op syn meast 15 minuten yn in ferhalebondel fan Davis, en fernim sa sels wer de wille fan ‘even ferdwine yn in ferhaal’. Doch dit by foarkar moarns krekt nei it wekker wurden – dan stiet dyn holle noch hielendal iepen foar nije yndrukken.