Op 3 oktober 2020 wurdt yn Jorwert de nijste dichtbondel, mei de titel Ommers, fan Geart Tigchelaar presintearre. Dat docht er yn ’e mande mei kollega-dichter Elmar Kuiper syn nije bondel, Wite Mûle, Swarte Molke, jûns om 19:30 oere.
Yn ’e oanrin op de presintaasje wurde op it Instagram-akkount @om.mers foarpublikaasjes pleatst. It earste fers ferskynt op woansdei 26 augustus. Tigchelaar hat earder proazagedichten op it webstee fan Dichterskollektyf RIXT publisearre en kaam der sa efter dat de foarm fan ’e gedichten tige gaadlik is om op it sosjale mediaplatfoarm te pleatsen. De dichter hopet sa dat syn wurk foar in breder publyk tagonklik is. Publyk dat ornaris net gau yn oanrekking komt mei poëzy.
De bondel, útjûn by Hispel, is Tigchelaar syn earste mei allinnich proazagedichten. Prozaysk fan styl, mar troch de kompaktens en de byldrike taal foarmje se poëzy. Yn Ommers spylje bonkerakken ksylofoan op ribbekasten, hat God bestjoer oer sânbakken en gûle boeken harren eigen siden wiet.
Geart Tigchelaar (1987) hat foar syn earste bondel leech hert yn nij jek de D.A. Tammingapriis wûn yn 2017 en foar syn Bomans’ oersetting Erik of it lyts ynsekteboek de Obe Postmapriis yn 2016. Yn 2018 waard syn earste roman Bêste jonge nominearre foar de Rink van der Veldepriis.