Yn it simmernûmer fan it literêre tydskift Sinn und Form binne fjouwer gedichten fan Eeltsje Hettinga yn Dútske oersetting publisearre. It is foar it earst dat dat kwaliteitstydskrift wurk út Fryslân opnimt.
Sinn und Form is in twamoanliks tydskrift foar ynternasjonale literatuer, útjûn troch de Akademie der Künste yn Berlyn. Auteurs lykas Peter Handke, Stefan Heym en Else Lasker-Schüler skriuwe en skreaune foar it tydskrift. De kontakten mei de einredakteur fan Sinn und Form binne lein op de Frankfurter Buchmesse 2019, dêr’t de Fryske útjouwers sûnt in pear jier in stand hawwe. De publikaasje kin beskôge wurde as in serieuze erkenning fan it wurk fan Eeltsje Hettinga.
Hettinga wie yn 2018 en 2019 Dichter fan Fryslân. Hy publisearre fiif poëzybondels. Syn debút Akten fan winter (1998) waard bekroand mei de Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân. Syn bondel Ikader waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Eeltsje Hettinga is him op it stuit oan it tarieden om him foar in skoft yn Antwerpen nei wenjen te setten, dêr’t er mei nij wurk te set sil.