Arjan Hut is sûnt novimber 2023 Dichter fan Fryslân, Marrit Jellema sûnt jannewaris 2024 Stedsdichter fan Ljouwert. Foar Ljouwert UNESCO City of Literature skriuwe se inoar wat se meimeitsje.

Lês hjir diel 1 (publisearre yn ús magazine LETTER, simmer 2024)
Lês hjir diel 2
Lês hjir diel 3
Lês hjir diel 4
Lês hjir diel 5
Lês hjir diel 6
Lês hjir diel 7

Meneer Hut!

Ik kom wel eens vaker op de radio of in de krant zonder dat ik het weet, en ik weet ook niet meer wanneer onze eerste ontmoeting was. In theater de Bres zou heel goed kunnen. Als we toen wisten hoe glansrijk onze toekomst was dan rolden we daar lachend over de vloer. Blij met een colaatje en wat pinda’s. Nog steeds natuurlijk. Wie wordt er nou niet blij van cola en pinda’s? Afgelopen weekend waren we op Schiermonnikoog (op het moment van schrijven dan), en wat was het weer mooi.

Ben je tevreden over je wandeling? Hoe ging alles? Fijne mensen? Genoeg waardering? Dat is niet geheel onbelangrijk. Wat blijft het fijn op een eiland, hé? Zo ver en dichtbij alles. Ik kon wel uren blijven wandelen.

Dit weekend opent De Zinnenfabriek weer. Zo fijn dat ik weer zo’n project mag doen als stadsdichter. Lang leve de gemeente Leeuwarden! Helaas niet zoals vorig jaar in dat mooie winkelpand, die is alweer bezet, maar Annemarie Lindeboom van Studio Zeepsop heeft een prachtig hoekje in de bibliotheek gemaakt. Jij staat er ook een dag. Kom je ook gewoon weer voor de gezelligheid? Je hebt namelijk fans, er werd naar je gevraagd. Mooi nou.

Goed. Ik heb nu dus weer dit als project. Staat er bij jou nog iets leuks op de planning?

Ayetoi!

Marrit

Beste Jellema, leave Marrit,

Skiermuontseach waait my noch hieltyd troch de holle, wat in gelok dat it sawat de hiele tiid reinde en wy by waarme kachels sitte mochten, mei in boek foar de noas – as der even gjin wurk oan de winkel wie. It wie fijn om safolle bekende gesichten te sjen, ynklusyf dines. Wiesto der ek by doe’t op it hiele eilân de stroom útfoel? E. en ik wiene mei in fytslampke yn de hân al healweis de nachtsee, doe’t helaas it ljocht wer oanknipte.

Moai dat de Zinnenfabriek wer ‘up popt’ yn de stêd. In topidee! Ha al in tsjinst draait en foar trije minsken in gedicht op maat skreaun, al wie it fierder net hiel drok. It sniejage ek sa bot ynienen, soks binne minsken dochs net mear wend. Sels dy yllústere fans bleaune thús. Lara Kool wie de oare dichter yn de winkel en sy hat dan mar in moaie fotoreportaazje makke, hast dy sjoen?

In brief is eins bêst in moaie foarm om yn skriuwen. Dúdlike doelgroep (sjoch: de adressearde) en fierder alle frijheid. Dêrfandinne dat ik myn klasse op de Skriuwersfakskoalle de opdracht jûn ha in brief te skriuwen oan dy iene studint dy’t der yn de les dy middeis net by wie. Sels ha ik krekt in gedicht skreaun, “De Hounspolder”, oer it spanningsfjild tusken natoer en kultuer.

No’t Skiermuontseach achter de rêch is, stoart ik my op it gearstallen fan in blomlêzing. Dat doch ik net allinne, mar mei alle eardere dichters fan Fryslân. We sykje ús favorite gedichten út, in poer persoanlike kar. Hasto ek favorite gedichten, Marrit? Binne der foardrachten dy’t dy altyd bybliuwe sille?

Hasta la pasta,

Arjan