Sneon 2 oktober rikt wethâlder Hein de Haan de Rely Jorritsmaprizen út yn de Oranjeseal yn it stedhûs fan Ljouwert. It is de 67e kear dat dizze priis om de Fryske literatuer te stimulearjen útrikt wurdt.
Dit jier hat de Rely Jorritsmapriis seis winnende bydragen. Trije ferhalen en trije gedichten. Foar dizze edysje moast de sjuery 97 ynstjoerings beoardielje. Dizze kamen net allinich út Fryslân en Nederlân, mar ek út Skotlân, België en Sweden.
De priiswinnende ferhalen binne fan Elmar Kuiper út Jorwert, Bregtje Sijtsma út Aviemore yn Skotlân en Gerrit Hoekstra út Winsum. De priiswinnende gedichten binne ek fan Elmar Kuiper, Sytse Jansma út Harns en Fedde Dijkstra út Ljouwert. De útrikking is besletten.