In kulturele middei yn doarpshûs Us Gebou yn Alde Leie op snein 8 oktober. Pieter Duijff hâldt in lêzing oer Fryske plaknammen n.o.f. syn boek Der dy namma fan heten is – it komôf fan plaknammen.

Yn Fryslân tilt it op fan doarpen, en der binne ek noch alve stêden. Efter de namme fan elk fan dy delsettingen sit in ferhaal. Wêrom hawwe de minsken harren wenplak neamd sa’t it hyt? Pieter Duijff is al mear as trije desennia oan de Fryske Akademy ferbûn. Hy hat dêr al dy tiid warber west op it mêd fan Fryske wurdboeken en wurdlisten.

Fan Dichterskollektyf Rixt sille optrede: Carla van der Zwaag, Cornelis van der Wal en Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma. Der binne Bildtse fersys fan Jan de Vries en Ruben Bus. Presintaasje: Janneke Spoelstra.

Plak: doarpshûs Us Gebou, Streek 9, Alde Leie
Tiid: 15:00-17:00 oere (ynrin: 14:30 oere)
Tagong: fergees
Opjefte by Janneke Spoelstra, fia de e-mail (oerset@planet.nl), of tel. 0518-403840

Mei mooglik makke troch de Gemeente Ljouwert en de Stichting Cultuur Regio Stiens