De skriuwers Elske Schotanus en Hein Jaap Hilarides hâlde in koarte lêzing oer harren wurk, lêze foar en sille yn petear mei elkoar en it publyk. De lêzings wurde ôfwiksele mei live boogiewoogie-muzyk troch Hein Jaap Hilarides.
Elske Schotanus publisearre ferline jier de earste Fryske Facebookroman ‘De Raven’. Yn 2021 ferskynde ‘Efter it tried, häftling nû 10039 – Kampsketsen út Amersfoort’, in yndrukwekkend, ticht op de hûd fan de tiid skreaun dokumint, dêr’t Reimer van Tuinen as Häftling nû 10039 syn ûnderfinings yn it konsintraasjekamp Amersfoort yn werjout. Elske Schotanus skreau de ynlieding by dizze werútjefte.
Skriuwer en muzikant Hein Jaap Hilarides fertelt oer syn nijste boek ‘Beppe Xenia’. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif. Dietrich Kleeblatt wurket yn Nederlân foar de SD. De moeting mei Dietrich sil it libben fan Xenia, mar ek fan Freek, bot yn ûnstjoer bringe. Boppedat sil Hilarides yngean op De kraak van de kluis. It ferhaal giet oer de oerfal op it befolkingsregister yn St.-Anne yn 1943. Dy livestream-film wie de ienichste produksje dy’t yn it betinkingsjier spile is.
Boeken fan Fryslân organisearret yn oktober en novimber sechtjin literêre optredens rûnom troch Fryslân mei fjouwer skriuwersduo’s. Elske Schotanus & Hein Jaap Hilarides, Geart Tigchelaar & Elmar Kuiper, Hilda Talsma & Emiel Stoffers fan ‘De Hûnekop’ en Sjoerd Bottema & Jaap Louwes hawwe spesjaal foar dizze gelegenheid in eigen programma gearstald. Foardrachten út harren wurk en ynterviews oer harren wurk, al as net ôfwiksele mei muzyk foarmje de basis fan de optredens.
Fergees tagonklik, reserveare is net nedich. De seal is in healoere foar oanfang iepen.
Bezoek website →