Omrop Fryslân stjoert op twadde krystdei in special út rûnom de poëzyfilms fan Dichter fan Fryslân 2019-2021, Nyk de Vries.
It giet om in seleksje fan de films dy’t er earder makke as Dichter fan Fryslân, tegearre mei filmmakker Herman Zeilstra. Ien dêrfan is in krystfilm dy’t ferline jier om kryst hinne op Skiermûntseach opnaam waard, mei Sytske Hoogterp en Henk Huizinga yn de haadrollen.
De teksten fan de poëzyfilms meitsje ek diel út fan ‘Asman’, de nije bondel fan Nyk de Vries dy’t krekt ferskynd is.
De special wurdt útstjoerd op snein 26 desimber om 18.30 oere en wurdt yn de oeren dêrnei hieltyd werhelle.
Bezoek website →