28 en 29 augustus bringe de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, en de fjouwer blokfluitisten fan it Cohda Kwartet mei in bysûnder programma fan muzyk en poëzij in besite oan de alve Fryske stêden. It earste konsert fynt plak op sneontemoarn yn teater De Bres yn Ljouwert. Fia bysûndere lokaasjes lykas it museum Houtstad-IJlst en it ekspedysjeskip fan Willem Barentz yn Harns einiget it selsskip harren tour sneintejûn yn Dokkum.
Bezoek website →