Emiel Stoffers en Hilda Talsma hawwe in protte oerienkomsten yn har wurk. Dêr’t Emiel sjongt oer werkenbere sitewaasjes dy’t Friezen belibje op it wurk of yn it deistige libben, skriuwt Hilda oer deselde tematyk. Se ha ek it talint om net om de feiten hinne te draaien en beneame de dingen sa’t se binne. De geasten fan dizze kreative rûchhouwers, dy’t tagelyk hiel gefoelich binne foar alles wat om harren hinne bart, brûzje altyd fan de ideeën. De Hûnekop en Hilda Talsma nimme jim op dizze jûnen mei op reis troch har repertoire.
Boeken fan Fryslân organisearret yn oktober en novimber sechtjin literêre optredens mei fjouwer skriuwersduo’s. Elske Schotanus & Hein Jaap Hilarides, Geart Tigchelaar & Elmar Kuiper, Hilda Talsma & Emiel Stoffers fan ‘De Hûnekop’ en Sjoerd Bottema & Jaap Louwes hawwe spesjaal foar dizze gelegenheid in eigen programma gearstald. Foardrachten út harren wurk en ynterviews oer harren wurk, al as net ôfwiksele mei muzyk foarmje de basis fan de optredens.
Fergees tagonklik, reserveare is net nedich.
De seal is in healoere foar oanfang iepen.