Sjoerd Bottema fertelt oer en út syn spûkeboek ‘De grize oer de grouwe’: tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Jaap Louwes dêrnjonken, besjongt de deistige dingen mar ek it needlot. It Frysk is foar him is in prima blues- en rock&roll taal. Yn 2019 ferskynde Jaap syn meast resinte c.d. ‘Set ‘m op’ mei titels as ‘Memmen by it stek’ en ‘Spikerjack’.

Boeken fan Fryslân organisearret yn oktober en novimber sechtjin literêre optredens mei fjouwer skriuwersduo’s. Elske Schotanus & Hein Jaap Hilarides, Geart Tigchelaar & Elmar Kuiper, Hilda Talsma & Emiel Stoffers fan ‘De Hûnekop’ en Sjoerd Bottema & Jaap Louwes hawwe spesjaal foar dizze gelegenheid in eigen programma gearstald. Foardrachten út harren wurk en ynterviews oer harren wurk, al as net ôfwiksele mei muzyk foarmje de basis fan de optredens.

Fergees tagonklik, reserveare is net nedich.
De seal is in healoere foar oanfang iepen.

Bezoek website →