Op 14 oktober sil Cornelis van der Wal optrede op ien fan de eveneminten fan it Transpoesie poëzijfestival yn Brussel. Hy sil tegearre mei fiif oare dichters út hiel Europa – Being Bergsson fan de Faroe Eilannen, Kārlis Vērdiņš út Litouwen, Rita Kogan út Israel, Ondřej Macl út Tsjechië en Radu Bata út Roemenië – it poadium fan de biblioteek Muntpunt op gean. Neist foarlêze út har eigen wurk sille se ek yn petear oer hoe’t poëzij omgiet mei it ûnderwerp Frijheid en Identiteit. It evenemint sil opnaam wurde en letter werom te sjen wêzen.
It Transpoesie festival fynt plak fan 23 septimber oant en mei 21 oktober mei ferskate eveneminten. It festival wurdt organisearre om de Europeeske Dei fan Talen en Taaldiversiteit (26 septimber) te fieren. De eveneminten bestean út lêzingen en panels dy’t ferskate ûnderwerpen besprekke rûnom it tema To be in the (k)now – poetry as a means of social expression. Op dizze wize wol it festival it bewustwêzen fan it taalferskaat binnen Europa fergrutsje.
Cornelis van der Wal (Ljouwert, 28 jannewaris 1956) is in Frysk skriuwer en dichter. Hy wenne 18 jier yn Grins. Fan 2009 oant 2013 hat hy yn Snits wenne, mar no wennet er wer yn Ljouwert. Hy publisearre sân dichtbondels. Mei syn earste bondel In nêst jonge magneten wûn hy yn 1993 de Fedde Schurerpriis. Van der Wal hat fierders webmaster fan it literêre ynternettydskrift Farsk en letter fan Ensafh west. Ek wie Van der Wal oant juny 2011 poëzijbesprekker foar it Friesch Dagblad. Yn 2019 waarden oersettingen fan seis fan syn gedichten yn it renommearre Deenske tydskrift Hvedekorn publisearre.
Foar mear ynformaasje hâld www.transpoesie.eu en harren Facebookpagina yn de gaten.