Ljouwert UNESCO City of Literature siket 100 paradyslike tunen yn hiel Fryslân foar it projekt Utsteld gelok. Yn de tunen wolle wy yn de 100 dagen fan it kulturele programma Arcadia, fan 7 maaie oant 14 augustus 2022, ús 100 nije koarte ferhalen fertelle oan it publyk.

100 ferhalen yn 100 dagen, op 100 spesjale lokaasjes

De tunen kinne blommetúnen, bosktunen, grientetunen, binnentunen, byldetunen of teetúnen by minsken thús wêze, mar ek folkstunen (doch mei mei it hiele kompleks!) of tunen of parken fan bedriuwen of ynstellings. It fertellen fan it ferhaal kin ek diel útmeitsje fan de programmearring fan in evenemint of festival. Tink oan de sfear fan in hûskeamerkonsert, mar dan mei in ferteller, yn de tún.

De wichtichste ynformaasje en betingsten:

– Yn de tún kinne op syn minst 15 minsken sitte (dit kin ek yn it gers wêze of op in troch it publyk sels meinommen túnstoel)
– Wy biede it ferhaal en de ferteller oan, in Utsteld gelok-ferhaal yn de tún kostet dy neat
– De tún is frij tagonklik foar publyk. Fansels kinst in drankje of hapke of produkten ferkeapje, de opbringst is foar dy.
– De tiden fan de fertellingen steane al fêst: op wurkdagen om 19.30 oere, yn it wykein om 15.30 oere
– De tún leit yn Fryslân
– Oanmelde fan tunen kin oant en mei 20 febrewaris 2022

Lês foardatst dyn tún oanmeldst alle ynformaasje en betinksten. It dokumint iepent nei it klikken op de griene balk.


Wy sammelje de oanmeldingen mei in formulier yn it online programma Jotform. It programma iepent nei it klikken op de griene balk.

Meld dyn tún oan!