De tsien winners fan de Gjalp binne justermiddei yn Bouwurk fan Arcadia troch deputearre Eke Folkerts bekendmakke. It giet om fiif dichters dy’t in gedicht skreaun hawwe by filmfragminten út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) en om fiif skriuwers dy’t filmideeën ynstjoerd hawwe mei it each op it Noordelijk Film Festival fan 5-9 novimber.
De Gjalp is in projekt fan Ensafh, de Moanne en RIXT, dat de Fryske literatuer de kommende jierren op ferskate grutte festivals sichtber meitsje wol om sa talint te stimulearjen en in nij publyk mei Fryske skriuwers en dichters yn ‘e kunde komme te litten.
Winners Gjalp 1
Gedichten by filmfragminten út it FFAA
– Tamara Feddema mei it gedicht ‘Winter’ – by in fragmint út de film ‘Winter yn Fryslân’ (1954-1956) fan Sjoerd Steensma
– Remco Kuiper mei it gedicht ‘Wite Iensumens’ – by in fragment út in film fan Piet Wagter oer de Alvestêdetocht fan 1941
– Myrte Marije Veenbaas mei it gedicht ‘Held op sokken’ – in fragment út in film fan Hein Faber oer de PC yn Frjentsjer fan 1946
– Ruerd Smaling mei it gedicht ‘Mem’ – by in fragmint út de doarpsfilm oer Sint Jabik fan Johan Adolfs en Piet Hembrecht út 1952
– Marije de Lange mei it gedicht ‘Pretty up high!’ – by in fragment út de film ‘From Friesland with Love’ (1990) fan Anton Stoelwinder
Winners Gjalp 2
Filmideeën foar fierdere ûntwikkeling op nei it Noorderlijk Film Festival
– Erik de Boer mei in idee foar in ‘Fryske Ursonate’ nei de dadaïst Kurt Schwitters, mei in pastiche fan Fryske filmbylden’
– Janneke Brakels en 2-INCH mei in idee foar ‘Wêrom’t de see my ropt’, in koarte young adult-film
– Hein Jaap Hilarides mei ‘De tradysje fan de Fryske film’, in idee foar in (film)essay oer byld en selsbyld yn de Fryske film
– Jorrit de Klerk mei in idee foar ‘Harlingen Groate Freet, Klein Hartje’, in film oer Harns en de Harnzers
– Sina Keuning en Anne Fie Salverda mei ‘Te plak’, in live performance mei visuals en animaasjes
Nijsgjirrich nei it wurk fan de winners?
Hâld dan it Noordelijk Film Festival (5-9 novimber) yn ‘e gaten!
Dêr wurde de poëzyfilmkes fertoand en fine optredens plak fan in tal winners fan De Gjalp.
Foto: Lucas Kemper