Trije ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Blineman’ fan Gertrud Palstra (Ljouwert), ‘In simmerjûn yn Seachlum’ fan Gerrit Hoekstra (Winsum) en ‘Psych Aid’ fan Sytse Jansma (Harns).

De winnende gedichten binne ‘Refleksje’ fan Fedde Douwes Dijkstra (Ljouwert), ‘Meiboartsje’ fan Pim Rodenboog (Aldebildtsyl) en ‘De swimmers’ fan Tryntsje van der Steege (Nijegea).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 71ste kear útskreaun waard troch www.stiftingflmd.frl, wienen 90 ynstjoeringen ynkommen, te witten 43 ferhalen en 47 gedichten. De sjuery bestie diskear út Marrit de Schiffart, Gerbrich van der Meer en Reitze Jonkman.

De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 4 oktober útrikt yn it Mammemahûs yn Jellum.