• NL
    • EN
    • FY
Alle verhalen
  • NL
    • EN
    • FY
Alle verhalen
22
Hagar Schuringa
24
Muriel Barbery

XX

Door Anne-Goaitske Breteler

Je hoort deze tekst vandaag op de boot naar en van Schiermonnikoog
Live voorgelezen tijdens de overtochten van 9.30 en 16.30 uur 

Hy leit op syn búk ûnder de wein. De boppeste râne fan de ûnderbroek stekt ôf tsjin syn wite rêch. ‘On that ass,’ stiet der. Dan hat der dus in abonnemint: eltse moanne in skjinnen troch de brievebus tink ik, wylst ik ek de ‘XX’ op de oranje bân gewaar wurd. It is in teken.
Nee echt, it is in logo, mar ek in âlde rune. Ik ha in tatoeaazje dêrfan op myn inkel. In frommes yn Ljouwert hat de fruchtberens, symbolisearre troch de âlde Ingus, yn myn fel stippe. It die net iens sear.
De jonges binne oan it laskjen. Wy bouwe dit jier in fersierde wein dy’t eins in skip foarstelle moat. ‘Het kleine café aan de haven,’ dat sil it wurde. Der stiet al in fjoertoer op en ek in lyts hokje dêr’t wy skielk it bier, de kola bearenburch en de wite wyn yn opslaan sille. Mei dêrneist de muzykynstallaasje, want mei safolle boksen móatte wy wol hiere en dan móat de kompjûter wol drûch stean kinne.
Myn freondinne en ik fiele ús wat ûnhandich. Dit is ek noch mar de twadde kear dat we ús gesicht sjen litte. ‘Wy dogge de oanklaaiïng wol,’ hienen we appt, mar no’t it der op oankomt ha wy it beide drok, en troch de stúdzje yn ’e stêd bin ik net in soad yn it doarp.
De ûnderbroek is wer ferdwûn ûnder it shirt. De jonge rint efter ús oan en gnysket as hy sjocht dat wy net rjocht witte wat we dwaan kinne. ‘Dus, dêr wienen jim al?!’ Oh shit, no net read wurde, tink ik. Mar fansels; dat is alwer te let. Ik kear myn gesicht ôf en ferdjipje my yn ’e flier fan dizze ierappelloads.
Myn Twintske pake sei eartiids: ‘Alleen eerlijke mensen blozen,’ mar it treastget my net. Dat ik no in kop as in boei krij, om’t ik twa moanne lyn sa dronken wie mei it tintfeest en tute hie mei dizze ûnderbroekejonge. Dêrnei ek noch yn it jeugdhonk mei him sitten hie, om sigaretsjes bytst hie en bûten ek wer mei him west wie en dat der doe praatsjes troch it doarp gienen? En dat ik echt net mear alles wist, om’t ik te folle wyn hân hie?
Hy stjoerde my de oare deis noch wol in berjochtsje op insta, dat it in leuke jûn west hie. En dan sa’n aapke dy’t de hannen foar syn gesicht slacht. Koe ik dat no mar. Ik hie der sels ek in popke efteroan stjoerd. Sa’n smiley mei fan dy wynbrauwen dy’t útnûgjend op en del geane. Wêrom moast ik dat dochs útlokke? Yn dizze offline wrâld tusken dy ierdske geuren en klaairesten, en hím, woe ek ik wol efkes troch dy grûn sakje. Mar dan soe ik it stikem net slim fine om der troch syn behindige gitarefingers wer útklaud te wurden.
—
It is de earste jûn fan it doarpsfeest. De ûnderbroekejonge en ik hawwe fan ’e middei op ’e wein drok yn petear west. We rieden oer Mitselwier, Moarre, oer Tippen sels en fia Ie wer werom, mar ik ha it net rjocht meikrigen. We stienen yn it hoekje, by de lûdsboks. Hy leunde der tsjinoan, pakte sa no en dan in nij bierke en wyntsje, stuts de iene nei de oare Pall Mall sigaret op, – ien foar my & ien foar him – en seach mei gleone eagen ûnder syn kapiteinspet nei myn liif. As soe der it befarre. Dat er de kear dêrfoar al efkes op ’e taast úteinset wie, mar no mei de echte ekspedysje begjinne woe.
‘Have you ever been mellow,’ dreunde it ûnder syn earm wei. It lûd galme de oare kant op, mar ik fielde it wol. Miskien de alkohol? Hy prate sa tûk. It gie oer muzyk – net dizze, mar ‘échte’ lykas hy it bestimpele – oer boeken, oer skoalle, oer ús. Soe dit sels miskien mear wêze kinne as allinnich in skarrel foar derby? Oan it ein fan ’e middei waard it kâlder op de wein, mar foar him en my wie it de opwaarmer nei de jûn.
‘Moat ik dat no wol dwaan?’ Ik besykje myn wite widdo fan it plak te krijen, mar al dy drank hat de krêft wat út myn hannen slein. Myn freondinne glimket breedút: ‘Tuerlik wol! Dit is krekt wat!’ trunet se oan. Moat ik no wol as net mei de ûnderbroekejonge mei nei hûs gean. De twifel: noch net sa hiel lang lyn wie ik ek al ris yn it bêd fan in oare jonge út it doarp bedarre. Syn broer hie, sa seach ik moarns, by wize fan grap myn sadel ferkeard om op myn fyts montearre. Koartsein: it wie wol bekend yn it doarp en ik bin dochs wat bang foar in sletterige konnotaasje.
‘Eh juh, dat falt echt wol in slach ta.’ Myn freondinne hâldt wol fan wat aksje, dus eins hie ik wol witte kinnen wat sy sizze soe. En folle mear betinktiid krij ik net. Hy hat by de sleat stien te pisjen en besiket no syn gulp ticht te knoopjen wylst er nei ús tarint. De wc-wein wie te drok beset mei dronken dropkes dy’t no út de feesttinte swalkje en aanst yn ’e rige stean sille foar de patatkream. Mar wy ha oare honger.
—
It is tolve oere, tusken de middei. De hûn leit mei syn kop op ’e finsterbank en kwispelt; hy hat him al oankommen sjoen. Ik sit oan ’e keukentafel en as ik de doar hear, slach ik de laptop ticht. Op myn sloffen, yn myn trainingsbroek mei myn reade âlde fest oer in fierstente grut t-shirt beweech ik my foar it idee noch gau nei de koelkast. Mar ik wit it eins wol: wer te let. In goeie húsfrou dy’t it middeismiel al klearstean hat, sil ik nea wurde.
‘Hoe fier bist?’ Syn hannen mei de RAL-9001 kleuren der noch oan glide ûnder myn fest, ûnder myn t-shirt en knipe by wize fan begroetsjen yn myn boarsten. Ik laitsje, hy ek. Bôle pakt er dêrnei, en pindakaas. Earst in glês Optimel en dan kofje. Alle dagen itselde. Mar it ferfeelt my noch hieltyd net. Ik fertel oer it skriuwen, wat wol en wat net wol. Hy oer de bedsteedoarren fan it pleatske dêr’t er oan it fervjen is. Se lykje wol op dy fan ús.
Yn ’e wenkeamer hearre we in skriemke. De soan, hy wurdt wekker en gûlt nochris, lûder en lûder. Myn boarsten binne no foar him en hy sil der foar wake ek. Wylst ik him fied, bestudearje ik syn lytse antlit. Hy liket op syn heit, se hawwe in soad itselde. De noas, de foarm fan de holle, de earebarrebyt yn ’e nekke. It ûngeduld.
Hy set it guod wer yn ’e koelkast en docht de wurkskuon wer oan. Ik in tút, hastich, syn soan ek, de hûn in aai oer de rêch. De doar giet ticht. Ik pak de waskkoer en bûch my oer de húshâldtaak dy’t ik wol neikom: de skjinne handoeken, de sokken mei gatten, de ûnderbroeken. Ik stryk oer de stof. It felle is fan de kleur ôf. De ‘XX’ yn de boarden is hast net mear te lêzen. Mar it falt my net iens op, se binne my sa eigen wurden. Ik tear se op, linker bokse oer de rjochter en foarkant oer efterkant. As lytse pakketsjes lis ik se yn de kast. Us ferline der tuskenyn.
Met dank aan: Wagenborg Passagiersdiensten

Anne-Goaitske Breteler

Anne-Goaitske Breteler (Dokkum, 1996) groeide op aan de voet van de zeedijk in Friesland. Na de studies culturele antropologie en publieksgeschiedenis in Amsterdam verhuisde ze terug naar haar geboortegrond. In 2018 verscheen haar non-fictiedebuut De traanjagers en in 2020 haar Friestalige kinderboek In nuvere nacht. In 2024 publiceerde ze De laatste dagen van de dorpsgek, een cultuurhistorie van geestelijke gezondheidszorg op het platteland. Anne-Goaitske Breteler schrijft columns en redactionele bijdragen, geeft lezingen, en maakt tentoonstellingen en podcasts.

 

agbreteler.nl

 

Fotograaf: Jerome de Lint

Beheer toestemming
Om de beste ervaringen te bieden, gebruiken wij technologieën zoals cookies om informatie over je apparaat op te slaan en/of te raadplegen. Door in te stemmen met deze technologieën kunnen wij gegevens zoals surfgedrag of unieke ID's op deze site verwerken. Als je geen toestemming geeft of uw toestemming intrekt, kan dit een nadelige invloed hebben op bepaalde functies en mogelijkheden.
Functioneel Altijd actief
De technische opslag of toegang is strikt noodzakelijk voor het legitieme doel het gebruik mogelijk te maken van een specifieke dienst waarom de abonnee of gebruiker uitdrukkelijk heeft gevraagd, of met als enig doel de uitvoering van de transmissie van een communicatie over een elektronisch communicatienetwerk.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt. De technische opslag of toegang die uitsluitend wordt gebruikt voor anonieme statistische doeleinden. Zonder dagvaarding, vrijwillige naleving door je Internet Service Provider, of aanvullende gegevens van een derde partij, kan informatie die alleen voor dit doel wordt opgeslagen of opgehaald gewoonlijk niet worden gebruikt om je te identificeren.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.
Beheer opties Beheer diensten Beheer {vendor_count} leveranciers Lees meer over deze doeleinden
Bekijk voorkeuren
{title} {title} {title}