• NL
    • EN
    • FY
Alle verhalen
  • NL
    • EN
    • FY
Alle verhalen
70
Frances Reynolds
72
Helena Guilera Recoder

Rauwe molke priuwe

Door Edwin de Groot

Deze tekst zie je in de bus van Fries Museum op Paad
Vandaag bij de Paardendagen Driezum-Wâlterswâld!

Hoe kin it dat in âlde fotolins út de tiid dat der noch in izeren gerdyn wie, de tredde symfonie fan Gorecki, in Armeenske muonts en Omke Jan fan Warder byinoar komme yn it kopke fan dizze seinige Fries, dy’t de lúkse hat en piel yn syn frije tiid wat om mei foto’s, gedichten en skilderijkes.
My in riedsel, hie ik andere as it my sa staf-en-af frege waard.
Ja, dat Omke Jan (âlde omke eins) sa no en dan noch foarby komt yn it ûnthâld is net sa raar, want in kleurryk man wie it; lyts boerke, frachtrider troch it hiele lân en in casanova fan it boppeste buordsje. De man hie lykwols in erflike hertsykte en nei syn ferstjerren kamen der frijwat ûnwettige bern, dêr’t ik sa’n wurd om sis, mei hertproblemen foar it ljocht.
Hawar, werom nei de fraach hoe’t it kin.

Hast al myn byldwurk begjint mei in foto en hast elke foto is klikt mei in lins fan 60-70 jier âld en somtiden noch âlder. Nije linzen haw ik ek en dy binne folle skerper. Kinst mei 400 mm zoom mei gemak it ringnûmer fan in see-earn yn ’e fierte lêze. De fûgel stiet der dan yn al syn hear en fear sa skerp as in breames op. Mar it âlde guod is neffens my better. Dat foeget wat ta oan it ferhaal. Ofwikingen yn it glêswurk, in skimmelke en de doedestiids mindere technologyske mooglikheden wat it slypjen fan glês oanbelanget. Om oer de kwaliteitskontrôle ûnder it genot fan in slokje wodka mar te swijen. Ik stel my teminsten sa foar dat yn East-Europa en Ruslân de middeis nei twa oere net noch in soad linzen ôfkard waarden troch Quality Control.
Us gelok, want sa der binne no frijwat minne Heliossen, Mir’s, Industars, Kaleinars en Lomolinzen yn ’e omgong. It âlde spul makket datst net gau in 1:1 werjefte krijst.
Der is wat ekstra’s oanheakke. Somtiden krij ik in ûnferwachte kleur yn byld; net in kleur dy’tst yn de doaze mei potleaden of oaljepastels weromfine silst, of moatst wol hiel goed kleuren minge kinne. Krekt sa’n ûnferwachte kleur kin aardich op it moed ynwurkje. Alteast op dat fan my. Of krekt in ûnskerpte of lichte ferfoarming dy’t ynienen in mystearje opsmyt. Ek dat kin eins allinne mar mei net-perfekte linzen.

Doe’t ik lestendeis wat omdoarme op myn hurde skiif, yn in map mei hûnderten foto’s, klikt mei it âlde spul, kaam ik in nustje tsjin dat makke is mei de Pentacon 135 mm, f2.8. Kocht fan in âld stel op de Ulesprong. Noch yn de orizjinele doaze en ik krige de linsdop der fergees by sei de mefrou (bless her).
De lins stie stiif fan de skimmel en ik haw der, ûnderweis nei myn mantsje dy’t myn linzen reparearret en skjinmakket, fuortendaalk in trits foto’s mei makke. De lins is no noch hieltyd in favoryt fan my. It glêswurk is folslein ferneukt en dat smyt, ôfhinklik fan hoe’t it ljocht deryn falt, nuveraardige ûnskerptes en prachtige saneamde flares op. Dat binne ljochtferskynsels dy’t as in soarte fan kleurige fitraazje oer de foto hinne falle. Sa’n foto printsje ik dan út op tsjok akwarelpapier en mei dy print gean ik oan de haal. Dan brûk ik wat mar foar hannen is: oaljepastel, ferve, houtskoal, stiften en folle net genôch. En sa transformearret in al transformearre werklikheid fan print nei in skilderijke.

Op in dei pakte ik de wetterferve der by om in foto te bewurkjen. In fikse klets read op it papier en krekt op dat stuit ferraste Spotify my mei ‘Ter Voghormia’ (‘Hear haw genede’) en ik foel hast op myn ûnleauwige knibbels. It ferhaal wol dat Komitas Vartabed, grûnlizzer fan de Armeenske klassike muzyk, dit liet, dizze bea, begûn te sjongen op it stuit dat de Turken yn Istanboel alle yntellektuelen oppakten en net omdat hja tochten dat dy in medalje fertsjinnen. It gie der need om wei. Doe’t de Turken it liet hearden, foelen se lykwols even stil.
Ik sil mar net begjinne oer alle ellinde dy’t machthawwers (faak mei religy as ekskús) oer de folkeren útstoart hawwe, mar de keunst dy’t út al dat lijen ûntstien is, is bytiden ferbjusterjend.
Henrik Gorecki, de komponist fan ien fan myn favorite symfonieën (de tredde) moat dit liet ek wol hast meikrigen hawwe en yn syn bonken en syn murch opslein en wer opdolle, doe’t hy oan it komponearen wie. It lûd, de harmony fan it liet as woartel, as fûnemint foar wat ek wol de ‘Symfony of Sorrowful Songs’ neamd wurdt. En it gekke is dat dit drôvige muzykmonumint, dat troch Vartabeds liet noch djipper myn siele ynkrûpt is, my altiten tinken docht oan in sinne-opkomst. Binn’ jo der noch?

No binne wy allegear produkten fan ús omjouwing, fan ús ferline, wêr’t wy, dat wêr’t wy foar kieze op basearje. Neat nijs. Mar doe’t ik even stil stie, even stil foel, brochten dit liet, de assosjaasje dy’t ik krige mei Gorecki en it sjen nei wat ik oan it skilderjen wie (in wetterfervefiergesicht mei beammen en in romme himel) my werom nei de smaak fan rauwe molke.
Ik siet as lyts jonkje wer ierebetiid oan de ouwers fan de Iselmar op in tuolle ûnder de kij fan Omke Jan. En man, wat lake hy hurd as ik dêr wer ôftrape waard. Sa hurd dat de fûgels opfleinen en de stiltme fan de mar opsochten. Ik begryp der neat fan: dat in kombo fan in Armeenske muonts, de drôvenis fan Gorecki, in beskimmele lins en wetterferve in mantsje út de Haske wer rauwe molke priuwe lieten. Ik kin it net útlizze.

Edwin de Groot

Edwin de Groot (1963) is dichter en redacteur van het Friestalige literaire tijdschrift Ensafh. Hij publiceert in het Fries en het Nederlands in diverse tijdschriften. In 2025 staat een zesde bundel in de planning. Hij won voor Friestalige gedichten meerdere malen een Rely Jorritsmaprijs. De Groot is naast het schrijven actief met fotografie en beeldende kunst en heeft daarmee meerdere malen geëxposeerd. Zowel het schrijven als het maken van beelden zijn sterk geworteld in het landschap waar hij als natuurgids voor verschillende natuurorganisaties graag over vertelt. Daar komen taal en beelden samen. 

Beheer toestemming
Om de beste ervaringen te bieden, gebruiken wij technologieën zoals cookies om informatie over je apparaat op te slaan en/of te raadplegen. Door in te stemmen met deze technologieën kunnen wij gegevens zoals surfgedrag of unieke ID's op deze site verwerken. Als je geen toestemming geeft of uw toestemming intrekt, kan dit een nadelige invloed hebben op bepaalde functies en mogelijkheden.
Functioneel Altijd actief
De technische opslag of toegang is strikt noodzakelijk voor het legitieme doel het gebruik mogelijk te maken van een specifieke dienst waarom de abonnee of gebruiker uitdrukkelijk heeft gevraagd, of met als enig doel de uitvoering van de transmissie van een communicatie over een elektronisch communicatienetwerk.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt. De technische opslag of toegang die uitsluitend wordt gebruikt voor anonieme statistische doeleinden. Zonder dagvaarding, vrijwillige naleving door je Internet Service Provider, of aanvullende gegevens van een derde partij, kan informatie die alleen voor dit doel wordt opgeslagen of opgehaald gewoonlijk niet worden gebruikt om je te identificeren.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.
Beheer opties Beheer diensten Beheer {vendor_count} leveranciers Lees meer over deze doeleinden
Bekijk voorkeuren
{title} {title} {title}