• NL
    • EN
    • FY
Alle verhalen
  • NL
    • EN
    • FY
Alle verhalen
50
Eeltsje Hettinga
52
Ka(a)te Dejonckheere

Hylkje

Door Arjan Hut

Deze tekst vind je in een weiland bij Haskerdijken
Langs het treinspoor tussen Akkrum en Heerenveen

1.
We geane wol faker mei de bus nei pake, mar dit is de earste kear dat ik nei in begraffenis mei. Ik ha de kreaze klean oan en nije skuon. De linkerskoech makket by alle stappen in ploplûd. Mem wurdt der sljocht fan. Plop! Plop! Yn de winkel plopte er noch net sa bot.
Mem ropt tankewol nei de sjauffeur en we stappe út. De sjauffeur stekt de wiisfinger nei ús op as we foar de bus del rinne en de dyk oerstekke. Earst by omke Wiebe oan, seit mem. Se stapt flink troch. We komme by de fiver del, en by de einen en de guozzen. We stopje diskear net. Miskien letter, as we mei de bus werom geane? Nee, dan ek net. Mem knypt my yn ’e hân. It knisperet, want we ha moffen oan.
Omke Wiebe wennet ûnderoan yn in holle beam. Mem drukt op de bel. Ik mei ek. We wachtsje. Ik sjoch ús ademwolkjes. Der komt net ien. Ik klepperje mei de brievebus. Omke Wiebe ropt, no net, ik stean ûnder de dûs! Mem suchtet. Hearsto it wetter rinnen? Ik stek in ear troch de brievebus. Nee. Mem skoot my oan de kant en ropt. Ik bin it, dyn sus! It helpt neat. Dan earst troch nei pake.
Pake stiet al klear. Syn skuon glimme. Dy fan mem ek. Hy hat in plakkerke mei bloed op it kin. Sille we nochris by omke Wiebe sjen? Dy hat no alle gerdinen derfoar. It binne swarte gerdinen, krekt as ús klean. Mem bellet nochris oan – by it wetter roppe de einen en de guozzen, wêr bliuwt Hylkje? Wêr bliuwt ús grutte freondinne? Pake sjocht op syn horloazje. Dan seit er, lit him mar, wy meie opsjitte.
Yn de winkelstrjitte rint in man mei in oranje hesje oer syn dikke jas. Hy hat in mûtse op, mei in plaatsje fan in woarst. Der binne mear minsken mei hesjes. Se sette hikken by de dyk del. Tusken it kafee en de bakker spanne se in doek oer de dyk. Op it doek stiet mei hiele grutte letters EIN / BEGJIN.
Ik set de sokken deryn, draaf ploploploploloploploplop by mem en pake wei – Hylkje makket harsels los fan de kopgroep! Hylkje is los, dames en hearen, wat kin dat bern drave! Net earder hat in Frysk bern sa hurd rûn! En dat op sa’n belangryk momint! Krekt no! It publyk wurdt mâl! – Mei de earms omheech kom ik oer de wite streep en jubelje.
De man yn de oranje jas komt nei ús ta. Hy wiist ús nei it parkearplak, achter it kafee. Dêr stiet in hiele grutte tinte. It liket wol in sirkustinte. Dêr kinne jim jim ferklaaie. Docht it famke mei? De kidsrun begjint om trije oere pas. Nee, pake skoddet de holle, wy dogge net mei oan de wedstryd. Dochs bliuwt er stean om in praatsje te meitsjen. Ha we dat oan tiid? As it moat kin ik hiel hurd. De manlju sjogge nei de loft. Pake krijt de man by it skouder en seit: better snie as rein.

2.
Hast dyn gedicht, freget pake. Mem fielt yn har bûse. En de oare bûse. En de binnenbûse. Ja. Se hat it net fergetten.
De tsjerke stiet oan de ein fan de winkelstrjitte. It is fan griis en brún hout en de finsters sitte sa heech dat ik net nei binnen sjen kin. Grutte minsken ek net. Op it dak stiet in lytse toer. Ien hat de toer donkergrien ferve. Hiele tinne snie waait no om de oranje dakpannen. Gau deryn.
Hast alle bankjes sitte fol. Fol mei âlde minsken. In dikke mefrou mei in huodsje draacht in sinnebril. Se snút har noas yn in reade bûsdoek. Op in poadium stiet in houten kiste. Dêr leit de deade, dat wit ik. Mem hat der oer ferteld. As de kiste mar net iepen stiet, sei se. Dêr ha ik sa’n hekel oan!
Ik sit njonken pake, hast foaroan, en mem sit oan de oare kant. Pake wiist en seit dat is muoike sus en omke sa en dy menear ha ik mei op skoalle sitten, kinst dy dat yntinke, pake as jonkje?
By de kiste sit in menear mei in keale holle en in briltsje dy’t hieltyd nei mem sjocht. De kiste is ticht. Ik stek de tûme omheech nei mem. Se frommelet yn har bûse om. De muoike mei it huodsje bûcht har nei my ta en seit wat mei in heech stimke. Se rûkt nei waskmiddel en dropkes.
Krekt foardat mem nei foaren sil om har gedicht te lêzen, giet achter yn de tsjerke de doar iepen. It kreaket hiel lang en hiel foarsichtich. Omke Wiebe! Hy is yn syn treningspak. De keale man mei de bril stapt lilk mei in ekstra stoel nei him ta. De muoike mei it huodsje flústeret wat tsjin pake en mem. Mem snúft. Pake seit, ja, mar it is wol in swart treningspak.
De man mei it briltsje skrabet him de kiel en elkenien wurdt stil. Dan teart mem it briefke iepen en sykhellet djip. Se stiet njonken de kiste.
Se hat it gedicht thús makke. Soms moast se gûle, of laitsje, en dan ferfrommele se it papier en smiet it propke troch de keamer. Ik mocht op de Ipad, as ik mar stil wie. It foarlêzen is samar dien. God en ljocht en altyd bymekoar. As se werom slofket nei it bankje, binne har wangen fjoerread. De muoike mei it huodsje stompt har súntsjes oan en flústeret moai hear.
Muoike huodsje docht my de sjaal om. De kist leit achteryn in lange swarte auto en we rinne der yn in rige achteroan nei it hôf. In grut weilân mei grêfstiennen en hege, keale beammen deromhinne. It leit bûten it doarp. De wei is wyt fan de snie. De snie raant ûnder myn stappen. Skande! Minsken stopje oan de kant fan de dyk en litte ús der del. Omke Wiebe slút de rige.
Op it hôf sammelje we om in djip gat. Der leit in leech bierblikje op de boaiem. Immen seit, it is in moaie leeftyd om te gean. In oar seit, al sjochst mekoar yn gjin jierren mear, it bliuwt famylje. Pake hellet de skouders op. As elkenien der is, begjint de keale menear mei it briltsje te sjongen. Hieltyd mear snie. Soene de einen it kâld ha? Pake tinkt dat soks wol tafalt.
Hoe soe myn eigen begraffenis wêze? Hooplik mei ballonnen. De hiele klasse mei komme. Behalve Jetty. Mem fynt Jetty in kutbern. De klassebegelieder seit, it is in moaie leeftyd om te gean. Juf draacht nije skuon. Hooplik leit der snie. De einen fleane oer en kwêkje in sielich ferske. Elkenien moat gûle, en dan, snieballen smite!
Omke Wiebe is al fuort as wy yn it gebouke neist de tsjerke cake krije. Der is kofje en tee, mar dat mei ik net. Mem grypt my by de earm en knypt. Asto nó ophâldst mei dy rare kwêklûden, flústerbyt se, krijst by pake kola, en oars mar neat. De grutte minsken prate en prate (no sa … ik bedoel mar … prima cake) en ik plop in rûntsje yn de snie om de tsjerke. Fierderop kreakje lûdsprekkers reklameboadskippen.

3.
De hurdrinners komme foar pake syn hûs del. Op de hoeke stiet de man mei de oranje jas en wiist se de goeie kant út. In grutte groep minsken mei sifers op de rêch makket de bocht. Oer it grintpaad slingerje se achter it hûs del, nei de bosk dêr’t ik net komme mei.
Skuon út by de doar. Pake hat twa grutte hingstuollen foar it finster set. It is dei en nacht tagelyk. Bûten knippe lantearnen oan. Ik stel my foar dat it fiere stjerren binne, en pake syn hûs in romteskip. Op de finsterbank leit tekenpapier. Mem sit achter mei har tillefoan. Se hat de fuotten op de bank.
It wurdt hieltyd mear nacht. Oan de oare kant fan de wei stekt in buorfrou kearskes op. De snie bliuwt no lizzen. De groepkes hurdrinners wurde lytser en lytser. Ik drink kola en tekenje en sjoch út en troch nei bûten. Mem gappet. Bytsje doel, seit se, sa’n tyfusein drave om oan te kommen dêr’tst weikomst.
Pake rommelet yn it keukentsje om. Pannen kletterje op de flier. In flok. Ik tekenje de man mei it oranje hesje. Hy stiet no yn it lantearneljocht en smookt in sigaret. Hiel stadich hobbeljend komt der noch in rinner del. Omke Wiebe! Mei ljochtsjes om ’e earm. Sjocht er my? Hy swaait en ferdwynt dan yn de romte. Op syn rêch stiet 666.
Hoe komt er oan dy ljochtsjes?
Pake komt de keamer yn, mei in flesse kola yn ’e hân. Hoe let giet jim bus? Mem seit neat. Jim meie hjir oars ek wol bliuwe hear.
Oars bestel ik wat te iten.
Patat? Pizza? Sinees?
Hylkje?
Mear kola?

 

Kunstenaar verschijningsvorm: Marten Winters. Met dank aan: Sjoerd en Douwe Miedema & Janna van der Meer, Loonbedrijf De Deelen, Krofts en Smids, vrijwilligers Maaike/Nynke/Epko en Tialda Hoogeveen.

Arjan Hut

Arjan Hut (Drachten, 1976) werd in 2024 benoemd tot Dichter fan Fryslân. Hij groeide op in Surhuisterveen en publiceerde in 2004 zijn eerste dichtbundel Nachtswimmers. Hij was eerder stadsdichter van Leeuwarden en werd in 2019 benoemd tot Wâlddichter van de gemeente Achtkarspelen. Hut is redacteur van de Moanne, geeft les aan de Schrijversvakschool en de Skriuwersfakskoalle en maakt samen met schrijfster Gabriëlle Terpstra de podcast Net Ferkeard. Zijn motto als Dichter fan Fryslân is “Minder wifi, meer poëzie!”

Fotograaf: Reyer Boxem

Beheer toestemming
Om de beste ervaringen te bieden, gebruiken wij technologieën zoals cookies om informatie over je apparaat op te slaan en/of te raadplegen. Door in te stemmen met deze technologieën kunnen wij gegevens zoals surfgedrag of unieke ID's op deze site verwerken. Als je geen toestemming geeft of uw toestemming intrekt, kan dit een nadelige invloed hebben op bepaalde functies en mogelijkheden.
Functioneel Altijd actief
De technische opslag of toegang is strikt noodzakelijk voor het legitieme doel het gebruik mogelijk te maken van een specifieke dienst waarom de abonnee of gebruiker uitdrukkelijk heeft gevraagd, of met als enig doel de uitvoering van de transmissie van een communicatie over een elektronisch communicatienetwerk.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt. De technische opslag of toegang die uitsluitend wordt gebruikt voor anonieme statistische doeleinden. Zonder dagvaarding, vrijwillige naleving door je Internet Service Provider, of aanvullende gegevens van een derde partij, kan informatie die alleen voor dit doel wordt opgeslagen of opgehaald gewoonlijk niet worden gebruikt om je te identificeren.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.
Beheer opties Beheer diensten Beheer {vendor_count} leveranciers Lees meer over deze doeleinden
Bekijk voorkeuren
{title} {title} {title}