• NL
    • EN
    • FY
Alle verhalen
  • NL
    • EN
    • FY
Alle verhalen
4
Park Yeong-nyeo
6
Guna Roze

Fala en Ekan

Door Tialda Hoogeveen

Op de schermen van Aeres te spotten
School voor groen onderwijs in Leeuwarden

 

‘Ik ha alles wat grut is!’ gûlde Ekan. ‘In wolhierrige mammoet, in piramide, in echte reus, in enoarm orkest en in lytse planeet. En dochs bin ik net bliid, miskien moat it allegear oars.’ 

Ekan wie de alderbêste freon dy’t men jin mar foarstelle koe. Grappich, leaf, behelpsum en sterk. Mar hy hie ien neidiel: hy wie noait tefreden. 

Sêft snokkend siet Ekan neist de resten fan wat oait de grutste taart west hie. Dêr wie ‒ op wat krûmels nei ‒ neat fan oer. 

 

‘Miskien moatst it sykje yn it lytse. Lyts is altyd goed,’ sei Fala, dy’t al jierren mei ferbjustering nei al dat grutte sjoen hie. It wie hast ûnmooglik om dêr tuskentroch te rinnen as se by har freon op besite gie. Gelokkich hie se in noas foar de bêste rûte. 

‘Dan wol ik it alderlytste ha dat der bestiet.’ 

Fala knikte. ‘Asto net gelokkich wurdst fan it aldergrutste, sykje ik foar dy it alderlytste.’

‘Wurd ik dan wer gelokkich?’ 

‘Allinnich de takomst wit dat.’

Ekan klearre wat op. ‘Kin ik mei de takomst prate?’

‘Nee, dy hat it drok.’

It snokken gie no oer yn gûlen. Sels syn triennen wiene grut.

 

 *

 

En dus gong Fala op ’en paad. Nijsgjirrich nei de achterkant fan de hoarizon, rûn se mei in karke achter har oan oer it paad nei de wide wrâld. 

 

Se tocht oan fan alles en noch wat. Dat it hearlik wêze moast om wer ris te swimmen op in waarme dei. En dat se bêst út en troch in sûkelaadsje mocht, as se der mar net tefolle fan iet. Oan hoe noflik it wie dat se har freon helpe koe, en wêr’t se dochs it alderlytste fine kinne soe. Ynienen skeat har wat yn ’t sin. In gedachte. Se besocht him te gripen, mar de gedachte wie sa lyts dat se him krekt net pakke koe. Koartsich besocht se har yn ’t sin te bringen wat se tocht hie. Mar alle kearen as se it hast te pakken hie, glûpte it har troch de fingers en fleach it fierder. Hja socht noch in skoftke, mar wist net wêr’t de gedachte wei kaam en al hielendal net wêr’t dy bleaun wie. Miskien yn de holle fan in oar? 

 

As dit it alderlytste wie, is it no ferdwûn, tocht se drôvich. En se krolle har op om sliepen te gean.

 

*

 

‘Bisto it lytste?’ frege se oan de stjer dy’t strieljend as in skimerlampe boppe har hong. 

‘Ik bin net,’ antwurde de stjer. ‘Ik wie.’ 

‘Mar do joust ljocht.’

‘Dat is alles wat fan my oer is.’

De wurden betizen Fala.

Mar se besleat om de stjer net yn it karke te lizzen. 

Der wie al genôch ‘no’. Wêrom soest dêr ‘eartiids’ by lizze?

 

*

 

De oare moarns gappe Fala wiidweidich, wêrnei’t se it lege karke pakte en fierder strúnde. 

 

Midden op it paad nei de wide wrâld lei in komma dy’t út in oar ferhaal fallen wie. Tusken tomme en wiisfinger tilde se him foarsichtich op. Hy seach der tear en brekber út. 

‘Ik nim dy mei foar myn freon. Hy wol graach it alderlytste,’ flústere se, bang om de komma fuort te blazen.

‘Dan sitst by my net goed.’

Ferheard seach Fala nei de komma dy’t der dochs aardich lyts útseach. ‘Wêrom net?’

‘Achter my komt altyd wat oan. Kinst better op syk gean nei in punt.’

Foarsichtich lei Fala de komma werom op it plak dêr’t se him fûn hie. Miskien, tocht se, fynt er it paad nei syn eigen ferhaal wer werom. Kinst dochs mar it bêste ticht by dyn eigen ferhaal bliuwe.

 

*

 

En fierder rûn se, doe’t se hiel yn ’e fierte in stipke seach. It wie in stipke yn de foarm fan in hûs. Ut it skoarstientsje kringele in reachfyn sliertsje reek. 

Fala wie der wis fan. It wie it alder-, alderlytste hûs fan de hiele wrâld. Dêr soe se har freon bliid mei meitsje.

‘Dat moat ik ha!’sei se dêrom beret. Se rûn yn in rjochte line op it húske ôf. Mar nei hûndert stappen wie it húske grutter wurden. En wer hûndert stappen fierder wie it noch grutter wurden. Hoe tichter as se by it húske kaam, hoe grutter it waard. Krekt salang oant it net langer it alder-, alderlytste húske mear wie, mar in bêst-wol-gewoan-hûs. 

Fala begriep der neat fan. Drôvich rûn se fierder de wide wrâld yn.

 

*

 

Se tocht nei. Eins tocht se altyd wol oan wat. It heugde har net dat se oait oan neat tocht hie. En as dat sa wie, wie se it fergetten.

‘Aha!’ sei se, doe’t se dat lêste tocht hie. 

Wêrnei’t se tocht dat se foar Ekan miskien in hiel koarte klank fange moast. Soks as ah, oh of eh. 

Se spruts de klanken sa sêft mooglik út. Miskien dat se sa noch lytser waarden. 

Se spruts de klanken sa koart mooglik út. Miskien soene se dan lytser wurde. 

Mar hoe pakst in klank, grut of lyts?

 

*

 

It paad dat nei de wide wrâld late, like einleas. Miskien wie it dat ek wol. 

Wêr moast men dan begjinne mei sykjen? 

Yn har holle socht se fierder. Der past bêst in soad yn in holle, tocht se ferwûndere. 

 

Under in beam, neist it paad, seach se in siedsje lizzen. 

‘Do bist in prachtich lyts kado foar myn freon Ekan,’ sei se, en pakte it op.

‘Noch wol,’ sei it siedsje. ‘Mar as ik de kâns krij, groei ik ta grutte hichten.’

‘Dan nim ik dy net mei.’ Teloarsteld lei Fala it siedsje op in sinnich plakje op ’e grûn. 

Sûnder dat se it seach, kronkele achter har in blide beam wielderich nei de himel mei tûken en bledsjes wêr’t er mar koe.

 

*

 

Fala wie wurch. Hiel wurch. En in bytsje moedeleas, hoewol’t se bêst moedich wie. 

It skimere. Bûten, en yn har holle. Dan, wist se, is it tiid om te sliepen. Dêrom rûn se nei in bedsje fan moas ûnder in kleed fan blêden. Dêr lei wat geks. It like har skaad te wêzen, mar dan hiel lyts. Krekt doe’t se it pakke woe, begûn se te twiveljen. In skaad hie dochs gjin kleuren? Wêrom dizze dan wol?

‘Bisto echt? Of bisto nep?’ frege se dêrom foar de wissichheid.

‘Ik bin echt nep,’ wie it antwurd.

No wist Fala noch neat. Of wol?

 

*

 

Se moast in list betinke om net mei in lege karre werom te kommen. Har freon soe ferskuorrend ûntefreden wêze as se net it alderlytste mei weromnimme soe. Se pakte dêrom in wetterdrip, in sânkerl, in snieflok en in stofke. Har de holle brekkend oer eat dat noch lytser is, foel se yn ’e sliep.

 

Mar de nacht is in fergrutglês. 

De wetterdrip waard in wetterfal. 

De sânkerl in sânkastiel. 

De snieflok in altyd groeiende sniebal. 

Allinne it stofke bleau lyts. Mar dat waard optild troch de wyn en waaide fuort.

 

*

 

Unskuldich leine de oare deis de wetterdrip, de sânkerl, de snieflok en it stofke neist elkoar yn it karke. Krekt as hiene se gjin haadrol spile yn har rotdream. 

 

Alles moast lytser, fûn se. Sa lyts datst it net iens sjen koest. 

Se lei dêrom in lange yngewikkelde wiskundige ferlytsingsformule yn it karke. Dêrnei stampte en sprong se derop en treau him mei al har krêft ‒ en dat wie net folle ‒ ynelkoar. 

Doe lei se in hân op har iene each. It oare knypte se ta in kierke. It wurke! Alles waard lytser. Mar doe’t se har each iepene, wie alles like grut as altyd.

 

*

 

Besoarge en benaud rûn se werom nei Ekan. Har koarte poatsjes wiene wurch en wat fersliten. 

Doe stiek der ek noch in hurde wyn op en begûn it te reinen. Se bûgde de holle, luts de lege karre troch de modder en glied in pear kear út. De beam dy’t op ’e hinnereis tefoarskyn kaam wie út it siedsje bea har in skûlplak oan. Dêr bleau se stean oant de sinne trochbruts.

Se ferfolge har tocht.

‘Tankjewol, beam!’ rôp se oer it skouder. 

‘Do tankjewol,’ rôp de beam werom. Hy swaaide mei al syn tûken, mar dat seach Fala al net mear.

 

*

 

De lange strielen fan de sinne ferwaarmen har wangen. Daudampen kroepen omheech en tekenen streekjes yn ’e loft. Fûgels fluiten harren moaiste liet. In reade flinter lâne op in blauwe blom. In rook fan swiete krûden kaam har yn ’e noas. 

‘Sa moai …’ fersuchte se. ‘Sa fielt gelok.’ Fala grypte it gefoel mei beide hannen en treau it yn ’e bûse, dêr’t se it koestere, foardat it har ûntkaam.

 

*

 

Doe’t se einlings werom wie by Ekan, rôp se: ‘Ik tink dat ik it fûn ha!’ 

Ekan seach yn it karke. ‘Leech?!’ Hy pakte in fergrutglês. In mikroskoop. In fierrekiker. In stjerrekiker. ‘Neat!’ rôp er ferbolgen út.

‘Ja, mar wachtsje.’ Fala stuts har hân yn ’e bûse. As troch in wûnder siet it dêr noch. Gelok lit him net sa maklik fange. Se makke fan har hannen in komke en brocht it nei har freon. 

Ekan gie op syn ilige knibbels lizzen en brocht syn grutte noas nei har lytse hân. 

‘Ik sjoch neat.’ 

Mar doe barde it. Ekan begûn te strieljen as in earste maitiidsdei.

‘Wat is dat?’ frege er ferheard. ‘Kin ik it fêsthâlde?’

‘It is ûnsichtber, ûngrypber en ûnbegryplik. Mar ast gelok hast, kinst it fiele.’

‘Dan haw ik mar gelok,’ suchte Ekan loksillich.

 

*

 

Ekan swaaide de doarren fan syn hûs iepen. ‘Ik wol net mear it grutste. Ik hoech ek it lytste net. Ik wol gelok.’

 

De wolhierrige mammoet wie de earste dy’t ôfsette. Se hippele en liet de ierde efkes skodzje doe’t se in salto makke.

De piramide iepene syn doarren en ûntfong einlings deiljocht. 

De lytse planeet ferliet de swiertekrêft en fûn syn plak. 

De reus koe him yn jierren wer ris lekker útrekke. 

It enoarme orkest begûn oan in rôljende, betoverjende melody. 

 

Achterelkoar rûnen se oer it paad nei de wide wrâld. De paukenist sloech de maat. Ekan luts it karke mei dêryn Fala dy’t glimkjend nei de fleurige optocht seach. De wolhierrige mammoet galme yn harmony mei de trompetten it liet fan de leafde. It klonk like einleas as gelok.

 

*

onEINDig klein

ûnEINich lyts

ENDlessly small

*



Tialda Hoogeveen

Tialda Hoogeveen schrijft voor kinderen en volwassenen; fictie, non-fictie en gedichten; in het Fries en in het Nederlands. Haar liefde voor natuur en geschiedenis komt naar voren in de meeste van haar non-fictiewerken. De fictieverhalen gaan veelal over vrijheid. Zo ook het verhaal ‘Fala en Ekan’, waarin de twee samen op zoek gaan naar meer ruimte en bewegingsvrijheid in het leven. De elementen en de natuur zijn belangrijke figuranten in het verhaal.

 

tialdahoogeveen.nl 

 

Fotograaf: Natalia Balanina

Beheer toestemming
Om de beste ervaringen te bieden, gebruiken wij technologieën zoals cookies om informatie over je apparaat op te slaan en/of te raadplegen. Door in te stemmen met deze technologieën kunnen wij gegevens zoals surfgedrag of unieke ID's op deze site verwerken. Als je geen toestemming geeft of uw toestemming intrekt, kan dit een nadelige invloed hebben op bepaalde functies en mogelijkheden.
Functioneel Altijd actief
De technische opslag of toegang is strikt noodzakelijk voor het legitieme doel het gebruik mogelijk te maken van een specifieke dienst waarom de abonnee of gebruiker uitdrukkelijk heeft gevraagd, of met als enig doel de uitvoering van de transmissie van een communicatie over een elektronisch communicatienetwerk.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt. De technische opslag of toegang die uitsluitend wordt gebruikt voor anonieme statistische doeleinden. Zonder dagvaarding, vrijwillige naleving door je Internet Service Provider, of aanvullende gegevens van een derde partij, kan informatie die alleen voor dit doel wordt opgeslagen of opgehaald gewoonlijk niet worden gebruikt om je te identificeren.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.
Beheer opties Beheer diensten Beheer {vendor_count} leveranciers Lees meer over deze doeleinden
Bekijk voorkeuren
{title} {title} {title}