Platfoarm foar wurdkeunst Dichter bij Leeuwarden fertelt bliid dat de oanfraach Urban Arts by it Fonds Cultuurparticipatie foar it trajekt fan Marrit Jellema (27) goedkard is.

Marrit sil wurkje mei stimdosint Martine van den Dool, teaterdosint Sannemaj Betten, rapper Cor Giesing, sjongdosint Jesse Oostwechel, manager Herman-Jan Wildevank, filmmakker Jeroen van de Bovenkamp en produsint Jochem Knoef.

Neist dat dit proses foar Marrit in soad opsmite kin, wurket se mei allegear lokale coaches. Dichter bij Ljouwert kin ek dêrom sân minsken út ‘e Fryske kreative en kulturele sektor in opdracht jaan.

It trajekt sil in jier duorje, it einprodukt wurdt in Spoken Word-album. Tidens de Woorden op Woensdag-sesjes fan Dichter bij Leeuwarden sil Marrit geregeld fertelle oer har foarútgong.