It Nederlands Letterenfonds hat twa tydlike stipemaatregels iepene foar makkers fan Nederlânske of Fryske literatuer. Literêre oersetters yn (en út) it Nederlânsk kinne in opdracht oanfreegje foar in fragmintoersetting. Derneist is de regeling Van maker naar lezer 2021 iepen foar in hiel brede groep skriuwers, oersetters, yllustrators, spoken word-artysten en makkers fan graphic novels.

Hjirmei kinne se in subsydzje oanfreegje fan € 2.500 om de stap nei it (potensjele) publyk foar har wurk te setten. Oanfragen wurde ferwurke yn folchoarder fan ûntfangst oant de begrutting op is; alle oanfraachmooglikheden slute begjin juny.