Wa hat fan wa stellen yn it spul fan de leafde? Hat hy har tút stellen of hat sy him it hert stellen? Is it stellen? Hiske Oosterwijk sjongt oer dit riedsel yn Jaan is leavjen, nimmen tsjeavjen, no te hearen op alle online streamingplatfoarms. It is de tredde single fan it kommende album Wurden dat yn maaie útbrocht wurdt. In modern, boartlik, jazzy ferske.

Hiske Oosterwijk makke nije komposysjes basearre op âlde teksten fan Gysbert Japicx (de 17e-ieuske dichter), mooglik makke troch de Gysbert Japicx Holckema Stichting en it Fonds Podiumkunsten.

Tekst: Gysbert Japicx
Muzyk/produksje: Hiske Oosterwijk
Miks/mastering/produksje: Niels Voskuil
Label: ZenneZ Records
Untwerp: Martijn van Bachum
Foto: Tom Scheper

Sang: Hiske Oosterwijk
Kontrabas: Andrea Caruso
Tsjello: Rosie Taekema
Nylon gitaar: Job Posthuma
Drums: Niels Voskuil