Bisto keunstoanbieder of útfierend keunstner yn Fryslân, profesjoneel of amateur? Ast in aktiviteit organisearje wolst op it mêd fan poadiumkeunst, eksposysje of community art dan soest mooglik subsydzje oanfreegje kinne.

Fan 23 juny 2021 oant en mei 7 july 2021 17.00 oere is de regeling lytse kultuerinisjativen Fryslân fan de provinsje Fryslân iepen. Kinst op syn minst € 500 en op syn meast € 7.500 subsydzje oanfreegje. Mei dizze regeling wol de provinsje Fryslân de kultuersektor in steuntsje yn ‘e rêch jaan.