LUNA kin spitigernôch net trochgean, mar Tubelights al! Tubelights is in ynstallaasje wêrby’t buizen yn ferskate kombinaasjes opljochtsje en wurden werjouwe fan op syn heechst acht letters en lêstekens. De Grinzer keunstner en ûntwerper Lambert Kamps ropt it publyk op om wurden en wurdkombinaasjes yn te leverjen, dy’t assosjearre wurde mei it tema ‘Hjir en No’.

De pandemy, mear persoanlike befiningen, de politike situaasje yn ‘e wrâld… De keunstner is benijd hokker wurden yn de eagen fan it publyk typearjend binne foar de wrâld fan ‘Hjir en No’. In seleksje fan de ynstjoerde wurden komt werom yn de ynstallaasje, dy’t de hiele moanne novimber alle dagen te sjen is yn Tresoar.

Stjoer dyn wurd(en) yn foar ein novimber!

Tubelights wurdt mei mooglik makke troch Emerson/Aventics.
Foto: Bjorn Eerkes