Foar skriuwers, oersetters, byldzjend keunstners, komponisten en musisy is der sûnt in heal jier (fergees) in residinsjemooglikheid op De Gordyk, yn Het Utopa Huis.

Stichting Utopa, dy’t it hûs beheart, erve in tal jierren lyn de pleats fan byldzjend keunstner Xandrien van Thiel.

It hûs hat fjouwer sliepkeamers (en is dêrmei bygelyks ek geskikt foar lytse muzykensembles dy’t repetearre wolle) en hat in wenopperflakte fan 315 m2. It hûs is fan alle gemakken foarsjoen, de grutte tún fan 3.000 m2 wurdt ûnderhâlden.

It Utopa Huis biedt wurkperioaden oan fan twa wiken oant trije moanne. In oanfraach yntsjinje kin allinnich troch skriuwers en keunstners dy’t op syn minst al twa jier profesjoneel wurkje. It is mooglik om it hiele jier (yn it Nederlânsk en Ingelsk) oan te freegjen. De oanfragen sille op syn minst ien kear yn it fearnsjier beoardiele wurde.

Lês in resint artikel yn it Friesch Dagblad
Mear ynformaasje oer Het Utopa Huis & oanfreegjen residinsje

Foto: Stichting Utopa