Yn 2021 iepent Manchester Metropolitan University de fjirde iepenbiere poëzijbibleteek fan it Feriene Keninkryk. Om dit te fieren hawwe Manchester City of Literature en Manchester Poetry Library in webside mei in digitale útstalling makke. De útstalling hjit Exploring cities through poetry.

De webside lit trettjin stêden yn it UNESCO Creative Cities-netwurk sjen, wêrûnder Ljouwert, mar ek Reykjavik, Melbourne en Krakow, oan de hân fan de poëzij yn de stêd.

Manchester noege de stêden út om foto’s, boeken, gedichten en kommentaren yn te tsjinjen. De bydragen jouwe in oar byld fan elk fan dizze stêden, en dogge dêr’t poëzy goed foar is: dy ferrasse en yn ‘e kunde bringe mei ûnbekende plakken en minsken.