Yn petear mei Rinke Verkerk - Leeuwarden City of Literature

Fan it momint ôf dat sjoernalist en skriuwer Rinke Verkerk yn 2020 mem wurdt, komme de eangsten en nachtmerjes, dy’t te krijen lykje te hawwen mei misbrûk yn har ferline. Se doart har nijberne dochter net mear út it each te ferliezen, bang dat immen har sear docht. Under de terapy dy’t dêrop folget, wurdt se konfrontearre mei minsken dy’t de oare kant út sjogge foar har problemen.

Tekst en foto: Marc Knip | Oersetting; Martsje de Jong

Sa komt har skoalgenoatsje Lenneke ynienen wer yn har tinzen, dy’t tweintich jier earder ûnder in fytstocht oan Rinke fertelde dat se misbrûkt waard troch har pake. Rinke, dan 13 jier âld, wit net wat se mei it ferhaal moat en de oare deis giet se Lenneke út ’e wei. Dat oantinken ropt alderlei fragen by har op. Sy seach dus ek de oare kant út. Wêrom? Rinke nimt kontakt op mei Lenneke om sorry te sizzen. Dat late ta it oangripende boek Het hele dorp wist het, oer de rol fan omstanners by misbrûk.

Dy opwining hinget al yn ’e gymseal as wy ús om ’e pankoeken hinne sammelje. Wy falle oan. Al gau is de bak fan myn groepke leech. Ik sjoch om my hinne, sykjend om mear. It groepke neist my hat der noch genôch! Ik bûch my tusken de bern troch om der ien te pakken, as in famke neist my seit: ‘Dy moatst net ite hear. Dat binne de seemlearen fan Heleen van Dijk.’ (Ynlieding: Der is wat mei Lenneke, side 17)

Rinke: ‘Dêr en doe realisearre ik my dat der wat wie mei Lenneke. Ik wie in jier as njoggen. Se siet net by my yn ’e klasse en wenne net by my yn it doarp. Mar der wie wat mei har en har famylje, safolle waard my stadichoan dúdlik. Lenneke wie doe noch net misbrûkt, dat soe noch trije jier duorje, mar al wol besmet.’

‘Bist hiel aardich’, ‘Sst’: Net foar neat hearre de útspraken fan pake ta de standertútspraken fan bernemisbrûkers, dy’t sa harren slachtoffers meiferantwurdlik meitsje foar it misbrûk. ‘Dit is ús geheimke.’ ‘Ik doch dit om’t ik fan dy hâld.’ ‘Do wolst dit dochs ek?’ (Haadstik 1: It misbrûk, side 30)

Rinke: ‘Hoe bekender de dieder en hoe húsliker de kontekst, hoe yngewikkelder wy it fine om wat te dwaan. En it iennichste dat in dieder fan omstanners freget, is dat sy neat dogge. Dieders binne ekstreem goed yn ferdielen en hearskjen. Sa ûntstean deade hoeken, dêr’t sy harren geheimen yn witte te ferbergjen. En dêr wêr’tst net sjen wolst, barre de dingen dy’tst as mienskip net wolst. Op dy wize ûntstiet der gjin ferhaal, gjin patroan, en bliuwe slachtoffers yn ’e oertsjûging dat it oan harren leit. Dus moatst sjen, ek, of eins just dêr’t it ûnnoflik fielt.’

En dochs: hy leaut Lenneke net. Net dat er tinkt dat se stiet te ligen. Mear dat se in ferfelend foarfal grutter makket as dat it is. Dat fynt er wol wat foar har. Hy sjocht Lenneke as in famke dat oanstriid hat de oandacht te lûken. (Haadstik 2: Master van den Berg, side 39)

Rinke: ‘Lenneke die wat dat net in soad slachtoffers dogge, út eangst foar – en soms sels solidêrens mei – de dieder. Se fertelde it oan my, oan de dominy, oan de master, oan har mem, oan in hiel soad minsken. Mar se rint tsjin in muorre fan ôfwar oan. Wy wolle nammentlik hiel graach dat in slachtoffer aardich is, dat wy immen helpe kinne sûnder dat it ús enerzjy kostet. En bern dy’t dit meimakke hawwe, binne faak swier op ’e hân, om’t se har aaklik en iensum fiele. Dat jout ús in hânfet om te sizzen: ik ha hjir gjin sin oan. En dus litte wy minsken dy’t om help freegje faak yn ’e kjeld stean. Sterker noch, faak jouwe wy harren, al bedoele wy it net sa, sels de skuld fan wat der bard is, om it foar ússels begryplik, behapber te meitsjen dat minsken dy’t wy kenne sawat ferskrikliks dwaan kinne. Victim blaming is minsntens like skealik as it misbrûk sels: slachtoffers ferlieze harren plak yn ’e mienskip.’

Yn it doarp binne minsken dy’t witte dat har pake minne dingen dien hat by famkes lykas sy. Dat hy sels yn ’e finzenis sitten hat. Dy minsken wiene der allegear noch doe’t sy it folgjende slachtoffer waard en dochs hat net ien it tefoaren kommen. Har âlden net, har famylje net, mar ek de doarpsbewenners net (Haadstik 5: It doarp, side 67)

Rinke: ‘De measte omstanners sjogge de oare kant út, om’t se troch in oar te helpen harren plak yn de groep op it spul sette. As Lenneke besmet is, bisto it ek ast har helpst. It ûngemak om te praten oer wat der bard is, om te erkennen dat dit spile hat yn de mienskip, is sa grut dat der omwegen fûn wurden: “Dy mem kin gjin pannekoeken bakke.” “By har wolst net yn ’e auto nei de sportwedstriid.” Sa wurdt der in stolp set oer wat der bard is, om mar net ûnder eagen hoege te sjen dat de mienskip net feilich is. Omstannerskip moatst mei syn allen dwaan. Yn it foarste plak moatst akseptearje dat sawat as seksueel misbrûk yn dyn mienskip foarkomme kin. Hoechst net perfoarst echt te helpen, mar der moat plak wêze foar moederaasje. Moatst as groep in omjouwing biede dêr’t omstanners de romte yn fiele om immen te stypjen, sûnder dêrby kieze te moatten tusken it slachtoffer en de groep.’

Mei de kennis fan no, oer it fuortsjen fan omstanners en it trauma fan misbrûk, fiel ik safolle oandwaning en fertriet oer dyn ferhaal. Datsto – as it klopt wat ik my heuch – mei dyn pine yn in doarp wennes dêr’t elkenien wist dat dyn pake dy beskeadige hie, mar net mei gefoeligechheid en wiisheid mei dy omgien is. (Haadstik 8, Lenneke, side 101)

Rinke: ‘Myn mail oan Lenneke hat twa moannen yn myn kompjûter stiet foar’t ik him ferstjoerde. Wat helje ik oeral, tocht ik. Ha ik it rjocht wol? Oant ik besefte: ik kin net foar har bepale oft se in berjocht wol as net krije wol. Dan pak ik har op ’e nij har selsbeskikking ôf. It hat my, Lenneke en de oaren yn it boek tink ik in soad brocht. De wierheid ûnder eagen sjen sil noait komfortabel fiele, mar ik wit no dat it it ûngemak mear as wurdich is. Ik ha gjin eksuzes mear om foar dingen fuort te rinnen. En foar Lenne is dit erkenning: it lei net oan har. Ek foar de minsken om har hinne dy’t wól wat dien hawwe, is it lotterjend: se fiele har sjoen. En se hoopje dat se takomstige slachtoffers en omstanners hjirmei helpe. ‘Jo sille de wierheid ferstean, en de wierheid sil jo frijmeitsje’, seit de Bibel yn Johannes 8:32. En sa is it echt. It boek hat my in hiel soad inerlike rêst en fertrouwen brocht.’

Boeketips fan Rinke Verkerk:

Tara Westover – Leerschool (2019)

In geweldich boek. It giet oer in famke dat opgroeit yn in superûnfeilich, isolearre Mormoansk gesin yn Idaho, mei in bipolêre heit en in mem dy’t fuortsjocht. Tara wit har fan har famylje los te meitsjen, studearret en wit har eigen paad te finen. Mar se moat dêr wol foar brekke mei har famylje, dy’t har as in ferrieder sjocht.

Griet Op de Beeck – Jij mag alles zijn (2021)

Dit giet oer in jong famke, Lexi. Har broer is ferstoarn, har mem is depressyf en har heit wurket allinnich mar. Lexi fielt har ferantwurdlik foar de gefoelens fan har âlden, se knipt op in bepaald stuit sels har hier derôf om it ferstoarne broerke spylje te kinnen foar harren. Oant immen yngrypt en tsjin har seit: dit hoechsto net te dwaan, do meist alles wêze. Hiel moai.

Iva Bicanic, Miranda Freriks en Esther Verhees – Ik vraag dit voor een vriend(in) (2024)

De ûndertitel is 123 fragen oer seksueel misbrûk. Hjir stean de antwurden yn op alle fragen dy’tst ha kinst as slachtoffer of omstanner. Mei dit goed ûnderboude boek kinst yn koarte tiid in hiel soad leare, oer skamtegefoelens, of de iensumens dy’tst fielst as net ien dy helpt, oer de twifels oftst oait noch immen doarst te fertrouwen.